Weppers tiisdei 26-2

Weppers moandei 25-2
24 februari 2008
Weppers woansdei 27-2
26 februari 2008

F-kes
Kommende sneon giet de jeugd ek wer los op it fjild. SDS komt yn dit foarjier ek mei in F4 binne de linen. Wij binne benijd wa’t dêr yn sitte. Wij kinne de side dan ek efkes oanpasse. Mail ús at jim mear witte fan F4.

Earste ljipaai
De fûgelleafhawwers begjinne al wer aardich om harren hinne te sjen, want it wurdt wer tiid foar aaisykjen. Je merke it binnenkoart sneons ek wer yn it fuotbalfjild at sommigen mear sykje dan mei paskes struie. Krekt as oare jierren wurdt der striden om it finen fan it earste ljipaai (neat foar ús) en it foarsizzen wannear it earste aai fûn wurdt (krekt wat foar ús). Lês dit berjocht en sjoch foaral efkes nei wa’t je de foarsizzing tastjoere of maile. Noch wol in tip fan ús: wachtsje net dat it fûn is want dan is it te let om mei te dwaan.

Leider SDS 2
SDS 2 sit noch altiten sûnder fêste leider. Ôfrûne sneon wie Robert Hoekstra wer bereid om leider fan SDS 2 te wêzen. Ek Floris Hiemstra hat by trainer Hylke Schrale oanjûn wolris mei te wollen as leider.

Amateurfuotbalspul
De eardere dielnimmers fan SDS hawwe gelokkich wat konkurrinsje krigen. Der binne no al 8 dielnimmers fan SDS. Der wiene 6 dy’t ferline wike
de toto ynfulden en Bas van der Wey wie de beste. Hij wie sels de beste fan de hiele Sudwesthoeke.

SDS League
As de ADSL-ferbining it wer docht dan sil de nije stân fan de SDS League der ek gau wêze. Rekkenje mar op moarn.

Easterein – Wommels
Juster wie it in heal jier lyn dat Easterein tsjin Wommels fuotballe. It wie doe gans better waar(klik
hjir).

Eigen goal(2)
Lee Dixon wie yn it ferline ien fan de meast technyske spilers fan Arsenal. Dat is seker te sjen oan dizze eigen goal. Superb!!