Weppers woansdei 25-6

Weppers tiisdei 24-6
23 juni 2008
Stân SDS EK-League 25-6
25 juni 2008

Nije haadsponser
Wy melde jim alfêst dat wy in nije haadsponser fûn hawwe foar de webside. Wy binne hjir tige bliid mei. Wa ’t it wurden is sjogge jim letter.

Eastereiner Feesten
Fansels begjinne moarn ek wer de Eastereiner Feesten. Moarntemoarn is it lyk al de muoite wurdich om efkes by de optocht te sjen(8.15 oere en 19.15 oere). Om 9.30 begjint it keatsen mei yn totaal mar leafst 58(!!!!) partoer ferdield oer 5 klassen. De rest fan it programma kinne jim hjir fine.

Wa moat jûn winne?(1)
No ’t Nederlân derút leit moatte wy in nije favoryt útsykje foar de Europese titel. Wa fan de twa moat der dan jûn winne? Dy wepmaster mei it lange hier wit it net. Tom sei earder yn it toernoai oer Schweinsteiger fan Dútslân; “heit, dat is in zwijn op in steiger”. Dêr kinne wy ús wol wat yn fine en kieze dus jûn foar de Turken.

Wa moat jûn winne?(2)
No ’t de heale finale fan jûn tusken Dútslân en Turkije hieltiten tichterby komt, komt Tom yniens mei in oar betinkst; “heit as wy no sizze dat dy witen SDS binne en dy readen Liverpool, dan meie de witen toch wol winne?” Ik tink dat wy by standpunt 1 bliuwe…………..

SDS EK-League
Jûn rûn de klok fan 11 hoopje wy de nije stân fan de SDS EK-League hjir te hawwen.

WK tongersdei
Tongersdei wurdt der foutbald yn Wommels. Dit kear om 19:30 sadat we allegear op tiid foar it foutbal klear binne! Graach op ‘e tiid oanwêzich op ‘e Terp(dan is Ate der yn elts gefal!)!

Keeper yn de spits?
Jûn wol de bondskoach fan Turkije syn tredde keeper miskien ynsette as fjildspiler. Mei dat? By de VI hawwe sy in leuk forum starten(klik hjir).

Sigaarsmoke
Yn de fuotbalkantine mei der al in skoftke net mear smookt wurde en noch inkelde dagen en dan is it yn de kroegen ek gebeurd. Spesjaal foar dy minsken dy ’t noch ien kear fan harren rokerke(of fan it meiroken) genietsje wolle(en dernei nea wer?) en der foar ien kear miskien in bytsje better fan wurde kinne is der in spesjale jûn yn de Jimbar:

Beste Minsken, 
Yn it ramt fan in smuk juntsje wurdt der takom snein (29-6) in smookjun holden yn de Jimbar.
Der komt by dat de sigaarsmookstriid fan de doarpsfeesten ‘ofblaast’ wie en snein om 20:00 in alternatyf yn de Jimbar krijt.
Fierder is it de leste snein dat der yn dizze opset smookt wurde kin yn de horeka yn Nederlan. 
Dus: nim ferskaat smookark mei, genyt fan in sfearfolle jun mei in rokerke en in borreltsje, en doch om 20:00 mei oan de sigaarsmookstriid en win in ‘gouden’ jiskebak! 
Mei-smokers binne fansels ek tige wolkom op it smuke smookjuntsje. Sy kinne noch in kear fergees mei-genite.
Jimbar

Strawelte
Wy sjogge sa út nei de dei fan moarn. De Fryske willepunk-band fan ea Strawelte sil op in parsekonferinsje bekend meitsje wêr ’t sy del komme sille dit jier foar in wiere kom werom(“come back”). Wy binne hiel benijd! Dus spesjaal foar Gerrit: hâldt www.strawelte.nl goed yn de gaten!

Ôfstand!!
Hoe fier moatte je eins ôfstand nimme by in yngoai dy’t foarôf gien wurdt troch in koprol? Ik soe mar goed ôfstand nimme………………