Weppers tiisdei 24-6

Weppers moandei 23-6
23 juni 2008
Weppers woansdei 25-6
25 juni 2008

Feest
Easterein mei Feite, Bauke, Marten, Floris en Tsjipke hat tiisdeitejûn mei it peloten ferlern. Yn en tsjin Littens spile de ploech in twifelriedige partij. Winne soe betsjutte tongersdeitejûn de heale finale keatsen en ferlieze betsjutte …..feest yn de tinte yn Easterein. It like of keas Easterein foar it lêste.
Feiko Broersma (Littens) en Jaap Toering (Weidum) meie it tongersdei wol tsjin elkoar opnimme.

Doeltsjes

It wol noch net slagje om echte doeltsjes te krijen op it sportfjild( foarhinne fuotbalfjild). Alle kearen moat op de Wommelser Kampioenskippen (WK) socht wurde om kreative oplossing. Earst wiene it jassen, doe flessen, dêrnei kaam it swiere geskut yn de foarm fan tegels. Mei de bou fan de appartementen waard socht nei boumaterialen. Sa waarden stiennen, balken en pellets ynsetten. Moandei stiene der nije kontainers op it parkearterrein
en dat waard fansels de nije oplossing. De bewenners fûnen it skitterend (!?)en moasten sels spesjaal op dat momint de pûde yn de kontainer bringe.
De ferwachting is dat binnenkoart de skaftkeet it nije doel wurde sil.

Wk moandei
Dat fuotbalskuon net absolút needsakelik binne om efkes te baljen, liet Aant moandei sjen. Op syn rinskuon makke hij de twa ploegen foltallich en skoarde bij syn earste balkontakt.
Dat hij net bij de ploech siet dy’t it winnende doelpunt makke, wie net hiel slim. De ienige Hofstra dy’t mear yn de koran lêst dan yn de bibel, skoarde it lêste doelpunt.
Oh ja, Ate Feike wie der, mar no blonk Willem wer út troch ôfwêzichheid.

WK tongersdei
Tongersdei wurdt der foutbald om 19:30 sadat we allegear op tiid foar it foutbal klear binne!
Graach op ‘e tiid oanwêzich!


Berjocht út Switzerlân
Snein krigen wy dit berjocht fan Hendrik Eringa fanút de Alpen:
Zit dronken in Zwitserland, helemaal rafael van der kaart
door die Robin van pilsie en van nistelrosé van Edwin
van de bar. Morgen samen met Van Dronkhorst lekker de
Boularoes uitslapen. Meer kun je niet doen.

Needgjalp
Net allinne bij SDS is it dreech om minsken te finen om foar alle ploegen lieders te finen. Bij
dizze klup is de need ek grut. En at it net slagget dan helje se de A1, B1 en C 1 gewoan út de kompetysje.

Cristiano Ronaldo
Wat my oangiet hy kommende snein de finale wol wêze mochten; Portugal – Nederlân. Cristiano Ronaldo hie dan miskien de stjêr fan it toernoai wurde kinnen. Al lykje syn optredens by tiden krekt in wedstryd frij dûnsjen:

Mear?
Hawwe jim mear mail it nei
info@vv-sds.nl!