Weppers woansdei 25-11

Weppers tiisdei 24-11
23 november 2015
Weppers tongersdei 26-11
25 november 2015

Traine? Wol op it MFT!
De trainingsfjilden binne te wiet om op te trainen. der kin wol op it MFT traind wurde.
Oer it MFT kinne jim hjir alles lêze. By fragen kinne jim kontakt opnimme mei Oetze Paauw. Syn tillefoannûmer stiet wol yn de link.

SDS-klean sneon te keap yn de kantine
Sinterklaas kin sneon yn de kantine fan 9.00-10.30 oere wer folop SDS-klean keapje!


Flagje
Enne Jehannes Bruinsma sil sneon namens SDS de skiedsrjochter assistere by de degradaasjekraker Oudehaske 1 – SDS 1.

OFK 2016
De lotting foar it OFK wie al bekend, mar no is der ek bekend wannear ’t alle teams fuotbalje meie. De (âld)-sealfuotballers fan SDS meie ls yn de foarronde op woansdei 30 desimber en de fjildfuotballers fan SDS 1 op tongersdei 7 jannewaris. De finales binne op sneon 9 jannewaris.

De B fan burd?
In oplettende SDS’er seach it wykein op it journaal ien fan de wepmasters yn de B fan burd:

It die ynderdaad bliken dat it ien fan de wepmasters is, mar it gie net oer burden.


George Best
Hjoed is it 10 jier werom dat George Best stoar.
Hjir kinne jim sjen wêrom hy noch altiten sjoen wurdt as ien fan de beste fuotballers ea.

Sinterklaasje
Nije wike tongersdei wurdt it wer in gekkeboel by SDS 2. Sinterklaas sil delkomme en hat hiel wat foar de mannen yn petto hawwe wy fernaam út ûnbetroubere bronnen.

Harsens derby (1630)
Ho!