Weppers woansdei 25-10-2017

Meinte-Sixmatoernoai op tongersdei 26 oktober
23 oktober 2017
SDS-League: REJO pakt wykpriis!
26 oktober 2017

Goals opromje!

Graach alle jûnen nei de lêste training de goals fan it fjild ride!
It is sa dat elke dei nei de lêste training ALLE goals fan ’t fjild moatte, troch de grutte poort, net oer de stekken tille, ek de lytse goals net. Foaral no’ ’t de fjilden fol blêdden lizze, bin se eltse dei op ’t fjild dwaande, mar oars ek. Der bliuwe no alle dagen goals stean.
Graach de goals yn de hoeke by it opberchhok fan de KF.
En sa net dus……….

Sneu


Giet de training wol of net troch. Dat wie de fraach juster oan de ein fan de middei yn de app fan JO15-1. De jonges seagen ek wol dat it wat langer en mear reinde as der tocht waard en woene net foar neat nei Easterein út Kûbaard, Reahûs en Wommels.
It waard wol in ritsje om ‘e nocht. De kaai fan it trainingsfjild wie der net, dus in ljocht oandwaan siet er net yn.  Dêrom mar in “sneue” foto fan 9 teloarstelde jonges.

Wa hat de kaai?

De kaai fan it trainingsfjild is dus poater! Wa hat him? Graach sa gau as mooglik werom bringe!

SDS 1 – Bant 1

Sneon om 15.00 oere is de wedstriid SDS 1 – Bant 1. Trije krear earder spilen dizze ploegen tsjinelkoar yn Easterein.  Hoe’t dat doe gie, kinne jim hjir sjen.

Nije spilersfoto

Vanaf 1 november is het niet meer mogelijk zelf de spelerspasfoto op de digitale spelerspas te wijzigen via de wedstrijdzaken-app of voetbal.nl-app. Daarna kan het pas weer na het einde van voetbalseizoen medio 2018.
Zorg daarom dat je voor 1 november een correcte spelerspasfoto hebt. Dit geldt voor alle veld- en zaalvoetballers vanaf de leeftijdscategorie Onder 12 en ouder.
Klik hier voor meer informatie.

AFÛK-kursus

Begjin takom jier sil der op inisjatyf fan keatsferiening  Easterein in  kursus ‘Frysk skriuwen’ jûn wurde yn Easterein fia AFUK.
Dizze kursus is geskikt foar wa’t it Frysk al ferstean en lêze kin en no ék it Frysk skriuwen ûnder de knibbel krije wol.

  • Tal lessen: 10
  • Kursusjild: €110,00, ynklusyf kursusboeken
  • Wannear: jannewaris-maart 2018
  • Elts wike op woansdei fan 19.30 oere oant 21.30 oere, start 3 jannewaris
  • Lokaasje: Skoalleseize

At der minsken binne dy’t hjir oan meidwaan wolle, dan graach foar 15 novimber opjaan by Wilma Sjaarda fia sekretariaat@kfeasterein.nl.

Harsens derby (1939)

Mocht sc Heerenveen jûn foar de beker winne fan Willem II dan ferwachtsje wy net dat Sjoerd, Wesley, Johan, Anne-Jan of Frans-Pieter sa kreas harren bierke yn de loft smite……..