Weppers woansdei 24-7

Weppers snein 21-7
20 juli 2013
Bekeryndieling jeugd
25 juli 2013

Klaaiboksen

Wij pikten juster fan twitter in foto fanôf de Skoalleseize. Oan de Bunnikside binne de nije klaaiboksen al pleatst. It hat der in soad fan dat oan it begjin fan it fuotbalseizoen alles wer dik yn ‘e oarder is.

Jongfeinten
Hjoed ferwachtsje wij in soad jongfammen op de Skoalleseize, want de jongfeinten moatte keatse. Hjoed foar de njoggende kear de
Jong Feintenpartij mei 25 partoeren op de list. It begjint 11 oere en in stik as wat SDS-ers dogge foar Easterein en Wommels mei.

Nei de PC?
Jelte Pieter Dijkstra docht oan de PC mei. Dat is wat in meagere skoare foar SDS. De lêste jierren wiene it allegear swartwiten.
Der kin noch ien bijkomme. Tongersdeitejûn om 19.00 oere is der in keatsoff yn Frjentsjer wêr’t
4 partoeren stride om it lêste PC plakje.
Yn partoer 2 sit Feiko Broersma, yn partoer 3 sit Erik Haitsma (eks SDS) en yn partoer 4 sit Jacob Klaas Haitsma. Sûnder blessure hie Dirk Yde Sjaarda ek noch yn partoer 3 sitten.
It begjint yn Frjentsjer om 19.00 oere.

Trainingen
Wannear de trainingen allegear begjinne kinne wij op dit stuit noch net oanjaan.

Muzyktip
Foar de muzyk en festival leafhawwers noch efkes
in tip foar it kommende wykein.