Weppers woansdei 24-5

Vacature trainer Vr.1
22 mei 2016
Traine en selekteare
24 mei 2016

Lytse poppe
Matty Los en Ewout de Boer binne fannacht grutske âlders wurden fan tochter Mara. Fan herte lokwinske! Broer Redmar, pake Tamme en pake Jan en omke Jurjen ek fansels!

E1 op platte karre
Neigenietsje dat dogge je mei foto’s en fideoa. Sa as
dizze fan E1 op de platte karre bij de famylje van der Valk.

Slotdei jeugd
Kommende freed is de slotdei foar de F’kes (dat binne ke de mini-leaguespilers), de E’s , de D’s en MD 1. Om 16.30 der wêze. Opjaan is net nedich, gewoan op tiid komme. Om goed 19.30 is it wer dien.

Lêste 2 wedstriden
Sneon binne der noch 2 wedstriden yn Easterein en dan is it fuotbalseizoen dien. SDS C2 spilet om 10.00 oere tsjin Terschelling C2g en SDS 2 spilet om 14.30 om te promoveren tsjin BSVV 2.

WeromsjenTreffer
No ’t de lêste kompetysjewedstriden sa goed as west binne kinne wy de EinTreffer oftewol de WeromsjenTreffer meitsje. Wy hawwe jim help der wol by nedich. Fan elk team wolle wy graach wer in koart seizoensferslach hawwe. Mail jim ferslach nei DeTreffer@vv-sds.nl!

SDS-look-a-likes
Foar de lêste Treffer fan dit seizoen binne wy noch op syk nei wat SDS-look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl! Neffens ús steane der hiel wat SDS-look-a-likes op it EK.
Eardere SDS-Look-a-likes kinne jim 
hjir fine.

Kykjes út de Wâlde
By De Wâlde 2 – SDS 2 binne sneon wat foto’s makke. Jim kinne se hjir besjen.

Mopke út Spannum
Mensen! ff een vraagje,  een vriend van me heeft voor komend weekend 2 kaartjes voor de Champions League finale in Milaan. Helaas trouwt hij dit weekend. (Kaarten al gekocht voordat de datum van de bruiloft bekend was).
Zijn vraag aan jullie: heeft iemand interesse om zaterdag te trouwen?



Letter mear!