De KNVB hat foar de standaardalvetallen yn kategory A de kompetysje definityf ôflast. Dat betsjut dat de kompetysje foar SDS 1, 2 en Vr.1 dien is. Der degradeart net ien en de yndieling fan folgend seizoen wurdt wer baseard op dy fan ôfrûne seizoen.. Sjoch ek hjir.
Fanôf 2 maart mei der wer ûnbeperkt traind wurde troch elkenien oant 27 jier……….. Wy sille sjen hoe as wy dit organiseren gean. Foar de 27+’ers moatte wy mar wat oars betinke……..
Ofrûne wykein koenen jimme hjir âlde SDS-foto’s fan Rients Smeding fine. Jappie Wijnia hat ek efkes op de souder sjoen en kaam ek noch in pear pareltsjes tsjin. Hâld de webside yn de gaten foar mear plaatsjes!
SDS kampioen 1992-1993
Ferline wike is de Poiesz-jeugdsponseraksje fan start gien. Wy binne bliid dat SDS hjir ek wer oan dwaan mei. By de Poiesz yn Skearnegoutum kinne je oant 11 april munten sparje foar SDS. Dizze wike krije je ekstra punten by de fulde koeken. Dat liket ús wol de muoite wurdich om efkes yn Skearnegoutum te sjen.
Wa hie der in pizza besteld?