Weppers tiisdei 22-4

Weppers moandei 21-4
20 april 2008
Weppers woansdei 23-4
22 april 2008

Bewarnûmer KNVB
Meastentiids bedarje boekjes lykas it
KNVB-bewarnûmer yn de kast en komme se der ek net wer út. No ’t SDS 1 yn de neikompetysje sit en SDS 2 miskien noch in periodetitel pakt wurdt it heech tiid om it KNVB-bewarnûmer der wer ris by te pakken. Tsjin wa moat SDS 1 eins yn de neikompetysje en hoe sit it mei SDS 2? Sjoch it nei.

Fernield
We hebben in Easterein stoere personen die het nieuwe hekwerk rond het nieuwe trainingsveld kapot durven maken.
Wij als “stichting skoalleseize ” vragen ons af of deze personen zich ook durven te melden, of dat er anderen zijn die iets gezien hebben.
Graag zou ik een belletje krijgen om deze vernieling op te lossen.
Wees er van bewust dat vele vrijwilligers hiervoor weer vele zaterdagen in hun vrije tijd in de kantine moeten staan om deze schadepost weer boven water te krijgen.
Feike Jorritsma , “stichting skoalleseize”
0515-332683
Hjirûnder de ôfgryslike foto’s fan it fernielde hek:


Blesseard
Feite de Haan rekke ôfrûne sneon slim blesseard oan syn ankel. Oan it ein fan de wedstryd CVVO 2 – SDS 2 foel hy út. Hy gie lyk nei it sikenhûs en de ankel waard yn it gips setten. Foar Feite is it seizoen dus dúdlik dien. Wy hoopje dat der oan it begjin fan it folgende seizoen der wer by is.

SDS League
As it meisit dan kinne jim hjir moarntejûn de einstân fan de SDS League besjen. 

Lêste training
Let op hearen fan SDS 4 en SDS 5. Der is dit seizoen noch ien gelegenheid om te trainen. Kommende tongersdei kin it trainingsseizoen ôfsluten wurde. Foar de net al te regelmjittige trainingsbeesten : it begjint om 20.15 en it stoppet meast at âld it winnende doelpunt makke hat.

Je jouwe it him net

Dit is de man dy’t dit wykein 60 waard. Wij hawwe helaas gjin fuotbaljende Jan Hiemstra, mar dit printsje mei der ek wêze. Henk Bootsma helle him út syn archyf.

Spannend
It “amateurvoetbalspel” rint ek nei de ein. Mei noch ien wike te gean lykje der noch altiten kânsen foar in SDS-er om de regio Snits te winnen. Sjoch hjir.

Truukje(2)
Jay-Jay Okocha die ek wol gauris de trukendoas iepen.