Seleksjes foar sneon 25-9

Weppers woansdei 22-9-2021
22 september 2021
Sneon 25-9-2021
24 september 2021

De seleksjes foar sneon binne wer rûn. It sjocht der sa út. It koe wolris in moaie sneon wurde. No al nocht yn.
Wy begjinne jûn al mei in opwaarmer foar de sneon mei SDS Vr.2 thús om 19.30 oere. Elkenien is wolkom!

SDS Vr.2 – Oosterlittens Vr.2 en SDS Vr.2 – Dronrijp/Foarút Vr.1 (freedtejûn)

De alderearste kear dat de froulju fan SDS Vr.2 los meie en dan lyk ek noch thús. By de measten lizze de ferwachtingen heech, mar it ienige wat wy ferwachtse is in kreaze teamfoto. Dizze seleksje sil om 19.30 oere los yn Easterein en fuotbalje tsjin Oosterlittens Vr.2 en Dronrijp/Foarút Vr.1.
Dit is de seleksje foar jûn:
– Anne Monfils
– Elma Breeuwsma
– Lusanne Klaver
– Marrit Zeinstra
– Anna Berber Zeinstra
– Jildou Sweering
– Ilse Tuinenga
– Nieke Wateler
– Sietske Okkema

SDS 1 – Oudehaske 1

De earste kompetysjewedstriid fan it seizoen. Ferline jier wie it tsjin Oudehaske dat SDS 1 foar it lêst thús balle. Doe wûn SDS mei 3-0. De seleksje foar moarn sjocht der  sa út:
Anco, Douwe-Jan, Erik, Gerwin, Hendrik, Jaap, Luuk, Mark, Matthijs, Peter, Pieter, Remco, Sjoerd, Stan en Wierd.
Flagger: Lourens.

Makkum 2 – SDS 2

Foar SDS 2 is it ek de earste kompetysjewedstriid fan it seizoen. SDS 2 spilet om 12.30 oere út tsjin Makkum 2 en dat is seker gjin makkie. Dizze mannen wurde om 11.00 oere op it sportkompleks ferwachte.
De seleksje: Mark, Bauke, Eeltsje, Ewout, Jort, Jurjen, Kevin, Lieuwe, Robin, Sietse, Sjoerd, Tjitse, Tom en Willem.
Rick is der wer by as lieder en Willem nimt mei Jesse de koaching op him.

Heerenveen 2 – SDS 3

SDS 3 kent in fleanende start mei 2 oerwinningen, mar soks seit noch neat fansels. Heerenveen hat ek noch net ferlern en spilet thús op harren favorite tiid om 16.00 oere. Y.f.m. Legionella kin der net brûst wurde yn de boksen fan Heerenveen…
Dizze seleksje mei yn harren switterige klofje weromride út Hearrefean en wurdt om 14.45 oere op it sportkompleks ferwachte.
De seleksje: Stijn, Anne, Bote, Habtamu, Haije-Jan, Hendrik, Inne, Jacob-Klaas, Jelmer, Jildert, Mark, Piter, Sjoerd en Watze-Jacob.
Jan-Friso is der wer by as lieder.

Oeverzwaluwen 3 – SDS 4

Soe it dan no echt begjinne foar SDS 4? Sy meie om 14.30 oere fuotbalje yn Koudum tsjin Oeverzwaluwen 3. Dizze seleksje fertrekt om 13.30 oere út Easterein.
Aiso, Allert, Broer-Jacob, Gerben, Janpiet, Jeffrey, Jelte, Jorrit, Klaas, Leon, Michael, Peter, Wietse en Wiltsje.
Arjan Hallema flagget.

SDS 5 – Tzummarum 2 g.n.t.

SDS 5 stiet wer mei beide fuotten op de grûn nei it ferlies ferline wike fan de streekderby tsjin Nijland 4. No soe SDS 5 wer thús spylje om 14.30 oere tsjin Tzummarum 2, mar Tzummarum 2 hat net genôch spilers………….
De seleksje: Dirk, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Feite, Gert-Jan, Henk, Ids, Janpiet, Jan-Simon, Jentsje, Jeroen, Klaas, Peter, Ronny en Tjeerd.
Daan soe flagje.

Wa binne der net?

Lourens (knibbel)
Jelte-Pieter (houliksreis)
Steven (ankel)
Teun (hamstring)
Wesley (wurkje)
Wiebe (ljisk)
Arjen (wurtelwykein)
Jesse (holle)
Kent (hamstring)
Niels
Wessel (knibbel)
Frank (pine holle)
Kees (bekomme fan syn fakansje)
Marten (ATV)
Ralph
Skelte (geweldich toanielspylje)
Stefan (feest fiere)
Steven (sealbalje)
Tsjipke (op Skylge)
Yward (sjoch Frank)
Andries
Sytse (hús ferboue)
Tjeerd (oerwurkje)
Anco (hús ferboue)
Auke (bekomme fan de jierdei fan syn broerke)
Harm (by de soan syn fuotbaljen sjen)
Harm-Auke (koache)
Robert (blesseard)
Syb (bestjoerstsjinst)
ensfh.