Weppers woansdei 22-12

Weppers tiisdei 21-12
21 december 2010
Weppers freed 24-12
23 december 2010

Trainerskaroesel
Meastal begjin de trainerskaroesel sa tusken sinterklaas en kryst op folle toeren te draaien. Ek yn de twadde klasse i. Tal fan feroaringen binne der al te sjen op Voetbalnoord.nl


Sealtraine
De fjildfuotballers fan SDS 2 en 3 traine jûn yn de seal yn Easterein fanôf 20.30. Allegear efkes in eurootsje meinimme en dêrnei it jier efkes ôfslúte.

Optreden yn Jimbar 
Tongersdei 23 desimber om 20.00 oere is der yn’e Jimbar in optreden fan Martijn Kentie. Dit is in troubadour ut Ljouwert dy’t der ek wol yn’e Irish Pub spilet. Hy is in baas gitaarspiler en in noch bettere sjonger dy’t nûmers spilet fan Springsteen oant Metallica oantemei Acda en de Munnik en wer wêrom. Wa’t hâldt fan goeie musyk, in kâld gleske bier, geselligens en alfêst yn Kryst en Ald en Ny-sfear komme wol soarget der foar dat hy/sy der by is.

Unwennich
De twitters oer El Hamdaoui fleane wer yn grutte getale troch de loft. Wij slute ús oan bij dizze.

Harsens derby (361)
En dêrom meie Tom & Pieter dus net yn de hûs fuotbalje: