Weppers tiisdei 21-12

Winterprogramma SDS 2 en 3
21 december 2010
Weppers woansdei 22-12
22 december 2010

SDS-frouljussealtoernoai
Op moandeitejûn 27 desimber is der wer it jierlikse SDS-frouljussealtoernoai.
Dit begjint jûns om 19.00.   (18:30-22:30)
Dit toernoai is foar de froulju fan SDS DA1 en DA2. 
Wolst meidwan? Stjoer dan sa gau mogelik efkes in mailtsje nei Janneke van den Elshout en Anna-Marijke Posthumus
janneke_e@hotmail.com.

Utslaggen
Wij krigen fanút de kantine fan SDS juster wat útslaggen binnen. Wij nimme mar oan dat it mei sealfuotbal te meitsjen hat.
SDS C1  –  AVC C1       2-2
SDS E2  –  Scharnegoutum E2    3 -2       
SDS E4  –  GAVC E5       0 – 17
SDS F3  –  Workum F4    3 – 2
Balk E5  –  SDS E5         1 – 2

Programma winterstop 2011 SDS 2
De spilers fan SDS 2 witte wêr’t se oan ta binne yn jannewaris en febrewaris. Johan mailt ús it “alle bewegingen” dy’t dien wurde sille begjin 2011. Jim kinne se
hjir fine.
Om it jier ôf te slúten sille SDS 2 en 3 woansdeitejûn noch efkes in oere sealfuotbalje yn Easterein fan 20.30-21.30. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Krysttoernoai Frjentsjer
Ôfrûne sneon wienen de earste foarrondes foar it Krysttoernoai yn Frjentsjer. SDS hie it dêr dreech. De earste wedstryd tsjin Franeker 3 Alk. waard noch mei 2-0 wûn, mar de wedstryd tsjin Zijlstra Kleding waard troch yn slagge kounter mei 1-0 ferlern. De 3e wedstryd wie hielendal geSAABig. Tsjin SAAB W. waard mei 3-0 ferlern. De topper tsjin it Snackhouse fan André Bons waard al mei 5-0 wûn, al kamen de goals pas neidat de bal 5 kear op de peal kaam wie en André Bons net te ferslaan wie.
De wedstryd tsjin Marten’s Vis waard úteinlik frij maklik mei 3-0 wûn. SDS stiet no dield 5e. De earste 4 geane Twadde Krystdei oer nei de 2e ronde. SDS moat moarns noch 5 wedstriden yn de poule fuotbalje. Sjoch
hjir foar alle stannen.
It Ulenborgh Adviseurs mei û.o Wytze Lanting, Martin Rienstra, Freek Tichelman, Jacob van Wieren, Jildert Hylkema en Sicco Scheltema docht it net gek en stiet 2e yn Poule A. 

Harsens derby (360)
Héjong, wa hat dy ferrekte hekjes dêr delsetten?