Weppers woansdei 21-8-2019

Weppers moandei 19-8-2019
19 augustus 2019
Trainingsskema 2019-2020
23 augustus 2019

Boudewijn Kramer koach fan SDS 3

Boudewijn Kramer wurdt de nije koach fan SDS 3. Hy hat earder wol trainer/koach fan SDS 2 west en lûkt nei in jier ‘sabbatical’ de ‘koachjas’ wer oan.

SDS 1 hat oefene tsjin MKV ’29

SDS 1 hat justerjûn oefene yn Ljouwert tsjin MKV’29. It waard in leersume wedstriid dy ’t yn de lêste minút ferlern gie. SDS 1 wie mei 20 man nei Ljouwert om elkenien in skoftke fuotbalje te litten lykas in soad jongens dy ’t noch mar krekt yn de JO19-1 sitte.

Nije leden

Noch altiten rûgelje der wol wat nije leden binnen. Sa is de jongste jeugd fan SDS krekt fersterke mei Dex Hoitenga. Tige wolkom!

Oefenje……….en keatse!

Sneon oefent SDS 1 om 14.30 oere thús tsjin sc Bolsward. It belooft in gesellige boel te wurden, want op it oare fjild is der keatsen troch de 50+.

3×30 minuten

SDS oefent sneon dus tsjin sc Bolsward en docht dat net 2x trije kertier, mar op fersyk fan de Boalserters 3x 30 minuten. No noch efkes sjen wannear ’t der té setten wurde moat.

De nije Staantribune!

Afbeeldingsresultaat voor staantribune batistuta

Hy leit wer by Warenhuis Van der Velde yn Wommels! Allinnich om de foarside soenen je him al keapje!

Harsens derby (2147)

BAM! Ljocht út………….

 

Letter miskien wol mear!