Weppers woansdei 21-5

Weppers tiisdei 20-5
20 mei 2008
Oprop oan de froulju!
22 mei 2008

De bus giet
It is wis dat der in bus nei Leek giet. Totaal kinne der 50 man/frou mei. Neist de seleksje fan SDS 2 binne der al aardich wat dy’t harren opjûn hawwe. Der binne noch mar 8 plakken. Opjaan fia de mail bij Douwe Reitsma. Dit is
syn adres. Doch it no!

Traine
De froulju’s trainingsgroep witte fan gjin ophâlden. Tiisdeitejûn wiene se al wer drok oan it partijtjes dwaan op in prachtige lokaasje. De Terp yn Wommels. Foar Anke van Asselt in echte thúswedstryd.

Midsimmercup 2008
SDS sil ek dit jier wer mei in team meidwaan oan de Midsimmercup yn Dronryp. Dit jier wurdt dat spile op sneon 7 juny. Wy hawwe noch net in soad heard út Dronryp behalve dat sy noch in ploech sykje dy ’t meidwaan wol(klik
hjir).

Lêste wedstryd fan it seizoen
SDS B1 spile juster de lêste wedstriid fan it seizoen.
We ha yn Hallum ferlern mei 3-2 fan Wykels Hallum B1.
Se wienen krekt efker feller as wy wienen, al hienen wy de earste 30 minúten it bettere fan it spul en de kânsen. Skoare: 1-0, ek de rêststân. Nei de rêst skoare wy 2 kear (Arjen nei in moaie solo en Ayanle) binne de minút!Dat we tochten, dit kin wat wurde. Mar Wykels Hallum knokt werom en komme op 2-2. Mei noch 5 minúten te spyljen brekt de spits fan Wykels troch, mar Thor wit de bal fuort te sjitten.
Spitich dat de bal tsjin de spits oan sjitten wurd en krekt oan de binnenkant peal binnenfalt.
In moai ein fan it seizoen, al hienen we leaver trije punten meinaam
Tank oan de gastspilers Jacob, Arjen, Kristian, Stefan en Ayanle.
Doede moast noch ôfsizze om’t hy noch yn de eksamens siet.
Tank oan de riders vd Schaar en Visser en Elly Tiemersma die soe ride mar thús mocht bliuwe.
We nimme noch ôfskie fan it seizoen mei in lytse feestje. It ferslach folget noch, lykas it jierferslach.
Klaas

Tige tank
We waarden oan it begjin fan de wedstriid ferrast mei in supporter
ut Easterein. Jelle de Boer, trainer B1, kaam út Assen en riid spesiaal
efkes oer Hallum om dochs in kear in wedstriid fan de B1 te sjen!
Tige tank Jelle!
Klaas Pompstra

Ofkoartingen
Wa kin se net al dy leuke ôfkoartingen  fan fuotbalferieningen. At jim witte wolle wat bijgelyks SANO betsjut dan kinne jim op
dizze side sjen. Alle ofkoartingen fan fuotbalferienings steane der op, dus ek SOA en SMS.

Omlandia 2
SDS 2 stiet sneon yn de finale fan de neikompetysje tsjin Omlandia 2. Dit is in ûnbekende tsjinstanner foar SDS. It ienige wat wy te witten komme kinne oer Omlandia 2 is dat sy út Ten Boer komme en al harren útslagen fan it ôfrûne seizoen(klik hjir).

Feest
As SDS 2 no sneon wint of ferliest yn Leek, der is sawiesa feest yn de kantine(klik hjir).

SDS EK-League
Doch ek mei oan de SDS EK-League. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Net sa wiis
Chelsea spilet jûn yn de Champions League finale tsjin Manchester United. Sy binne net sa wiis mei de skiedsrjochter dy ’t fannejûn yn Moskou fluitet. Sy hawwe earder net sa ’n goeie erfaring hân my dizze skeids: