Weppers tiisdei 20-5

De SDS EK-League!
19 mei 2008
Weppers woansdei 21-5
20 mei 2008

Traine SDS 2
It trainen fan SDS 2 giet jûn net troch. der binne te min minsken.
Tongersdeitejûn wurdt der al traind. de training begjint dan om 19.00.

Mei de bus?
Der binne serieuze plannen om sneon mei de bus nei Leek te reizgjen, at SDS 2 dêr balje moat tsjin Omlandia 2.
Mar der moat fansels wol belangstelling wêze. Derom wa’t mei wol yn de bus moat sa gau as mooglik in mailtsje stjoere nei Douwe Reitsma. Dit is
syn adres. De kosten sille sa’n 8 euro bedrage. Sis it fierder!

Slotmiddei
De D, E en F jeugdspilers hawwe it seizoen freed ôfsluten mei in spullemiddei. Anco Elgersma hat wat sfear foto´s makke en dy kinne jim
hjir sjen.

Jierferslach
Der wurdt op dit momint hurd wurke oan de lêste Treffer. Alteast dat hoopje wij. Wij wolle fan alle ploegen in leuk, koart ferslach hawwe fan it ôfrûne jier. Wij ferwachtsje dat fan in lieder, in trainer of gewoan in spiler.
Der binne al in pear binnen: û.o. Stoffel Bouma hat fan SDS 5 al in ferslach makke. En dy mannen beleve altiten in hiele soad yn in jier, dus is it suver wat langer wurden as koart. Mar ek dat makket neat út. Maile moat nei
dizze adressen en it moat foar 26 maaie. Wij rekkenje op jim.

SDS EK-League
Doch ek mei oan de SDS EK-League. Klik
hjir foar mear ynformaasje.

Lytse poppe
Trienus de Jong(SDS5) hat mei syn frou Petra juster in lytse poppe krigen. Har namme is Dianna. Fan herte lokwinske!

Op wa liket sy no it meast?

Aktie by Aktiesport
Binnen no en in pear moanne,wurde der in x-oantal winkels iepene yn Fryslân(Burgum, H’veen en Harns al seker) fan Aktiesport en sykje wy op sear koarte termyn nei minsken. Der stean meardere vakatures iepen fan opropwrotter oant manager.
Ynteresse??
Bel dan:0614416054 of mail nei 
Gerard van Asselt!!
Gr. Gerard

Alderaardichst
Dit berjocht kamen wy hjoed tsjin op de webside fan de VI. Wy fûnen it wol fermakelijk(klik
hjir).

Letter mear!