Oprop oan de froulju!

Weppers woansdei 21-5
20 mei 2008
Weppers tongersdei 22-5
22 mei 2008


Yn de lift
It giet goed mei it frouljusfuotbaljen. Ek by SDS komme der hieltiten mear leden by. Sa ’t it no liket kinne der folgend seizoen 2 frouljusteams ynskreaun wurde foar de kompetysje. Om wis te wêzen fan genôch spylsters kinne der noch wol in pear froulju by. Sjoch hjirûnder:

Oprop “famkes”-fuotbal

Wy fan it famkesteam fan SDS ha dit jier ús earste kompetysjejier spile, wat is goed befallen is. Dêrom geane we takom jier fansels troch mei it fuotbaljen. No stopje der jammer genôch in pear famkes, sadat wy wat oan ’e krappe kant sitte. Wy binne dus noch op syk nei wat nije leden, want we ha no net genôch. Dus we sykje der doch noch in pear die it ek hiel leuk fine om mei te dwaan. Ús trainingsjûn is elke tiisdei fan 19.00 oant 20.00 (of soms iets letter). Fjirder is it noch net seker as wy op sneon of op freedtejûn gean fuotbaljen. Op de SDS website binne wy ek te finen by de ‘Froulju’. Dus fielst dy oansprutsen, liket fuotbal die wol wat en bist tusken de 14 en 18 jier?

Skilje dan efkes nei Anke van Asselt: 06 42 51 66 39 tusken 17.00 en 19.00.

Groetnis Tryntsje Bouma (oanfierdster)

Oprop “frouljus”-fuotbal
Foar alle enthousiaste froulju tusken de 19 en 30 jier!!!!

De froulju trainingsgroep fan SDS is al wer in jier oan de gang. Mei in soad wille ha we in jier lang fanatyk traint under lieding fan Anne Brouwer.

Takom jier wolle we de kompetysje yn.

Der kinne noch wat froulju by.

Wy sykje yn elk gefal noch in keeper.

Dus: hasto wol nocht oan in baltsje traapjen?

Do hoechst it spultsje net te kinnen: dat leart fansels, wy kinne ek noch net sa’n soad mar dogge us best! We traine ien kear yn de wike op woansdei en de kompetysje is sneons.

Sjoch op de website under it kopke senioaren atst sjen wolst wa’t der allegear meidogge.

Skilje foar mear ynfo of opjefte, tusken 17.00 en 19.00, nei: Anke van Asselt, 06 42 51 66 39


Trainers, lieders, flaggers….
De famkes fan SDS binne ek noch op syk nei in trainer.
De froulju hawwe noch ferlet fan in lieder/flagger.
Ek hjirfoar kinne je skilje foar mear ynfo of opjefte, tusken 17.00 en 19.00, nei: Anke van Asselt, 06 42 51 66 39