Weppers woansdei 21-1

Weppers tiisdei 20-1
20 januari 2009
Frans Hoek keeperspromotiedag
22 januari 2009

SDS 4,5 en 6
De bedoeling is dat SDS 4, 5 en 6 moarn wer trainen geane. Ommers it spul begjint sneon ek wer. Mar at it om it fjild kin is fansels ôfwachtsjen. Dus moarn tsjin 6 oere noch in kear sjen at it troch giet en wat jim meinimme moatte: fuotbalskuon, gympies, learzens of allinne de beurs.
Giet it troch dan graach 20.10 oanwêzich.
Sipke

Foar de A’s
Woansdei 21 jannewaris A-junioaren traine 20.15 oere
(fuotbal- en rinskuon meinimme)
Sneon 24 jannewaris oefenje (ûnder foarbehâld) : Harlingen A1
SDS A1 11.00 oere, 9.50 fuort
We spylje op keunstgers.
Groetnis
Klaas

Futsal
SDS 2 spilet jûn om 20.30 thús tsjin Friesland 6.

Sealtraine
SDS 3 traint woansdeitejûn yn de seal. De training is fan 21.30 oan ’t 22.30. Allegear efkes €1,- meinimme.

Oefenje
SDS 2 sil tongersdeitejûn om 19.00 oefenje yn Snits tsjin WPB 2. Sy fertrekke om 18.15 út Easterein.
Mocht it net trochgean dan wurdt der tongersdei gewoan traind yn Snits en fertrekt SDS 2 om 17.45.

Paspoortkwis
Op de webside fan de VI stiet wer in alderaardichste kwis. Dit kear in paspoortkwis. Wy binne benijd as jim der in soad witte (klik hjir).

Fan de skeids
Wy hawwe as fuotballers noch wolris kommintaar op de skiedsrjochter dat hy blyn of doaf is. Yn de measte gefallen is dat hielendal net sa. Yn dit gefal no wol: