Weppers woansdei 20-8

Skiedsrjochtersynformaasje
20 augustus 2008
Weppers tongersdei 21-8
21 augustus 2008

Útslach SDS 1
SDS 1 hat fannejûn oefene tsjin Trynwâlden. Wy binne benijd nei de útslach. Mail it nei info@vv-sds.nl.

SDS 3 wint knap
Der binne net folle ploegen dy ’t sizze kinne dat sy mei hurde wyn wûn hawwe yn Starum. SDS 3 kin dat no wol. Klik hjir foar it ferslach fan Sjoerd “Bundy” van Beem.

Mear SDS 3 nijs
SDS 3 hat gjin trainen fannejûn.
Sneon spilet SDS 3 om 12.15 thús tsjin Oeverzwaluwen 2. De spilers fan it tredde wurde om 11.15 ferwachte op de Skoalleseize.

Clarence-Sluierklassemint
It koe fansels ek net goed gean. Nei in dreech Lowlands(hy die moandeitemoarn it ljocht út yn it 24-oerskafé), moast Jan Stenekes tiisdeitejûn alwer fol oan de bak mei SDS 3 út tsjin QVC. De foarsprong yn de wedstryd(0-2 foar SDS 3) ferblomme de lichamelijke kondysje fan Jan op it ein fan de wedstryd wat, doe ’t SDS in strafskop nimme mocht. Jan die net in stapke foarút om him te nimmen(wat inkelden tochten), mar hy koe fan wurchens net mear in stapke efterút dwaan om der ûnderút te kommen. It skotsje waard dan ek pakt troch de keeper. Jan is de earste dit seizoen dy ’t plak nimme kin yn it Clarence Sluier-klassemint.

“Clarence”-Jan koest justerjûn nei de wedstryd wol opfaaie………

Keatsen û.o.
It begjint der te lykjen dat it keatsen en it fuotbaljen mekoar hieltiten mear biten gean. Ôfrûne sneon wienen der al net folle fuotballers troch (û.o.) it keatsen en kommende sneon liket it noch slimmer te wurden. Mooglik sille der wer wedstriden útsteld wurde.

De appel en de beam(4)
Sergio Agüero, skoansoan fan Maradona, skoorde tiisdei foar Argentinië tsjin Brazilië op de Olympyske Spelen. It like efkes of makke hy hands, mar hy makke de goal mei de búk neffens himsels. Nei de wedstryd hie hy it dan ek oer de “buik van God” ferwizend nei in goal yn it ferline fan syn skoanheit……..