Weppers woansdei 20-2

SDS League: Pa Madou Kees pakt wykpriis!
19 februari 2008
Weppers tongersdei 21-2
20 februari 2008

Út de loft
Fannacht binne wy tusken 23.00 en 3.00 efkes út de loft west. Ús ekskuses hjirfoar……..

Net ferjitte
Jûn om 20.30 de futsallers fan SDS 1 tsjin dy fan Friesland yn de sporthal fan Easterein.
SDS is net hielendal kompleet. Jan-Simon Jelsma is werom fan de wintersport en Skelte Anema is wer fit. Feite de Haan is der net. Hy gie foarige wike troch it ankel. Anne Stenekes sil der ek wol net wêze. Hy sit midden yn de ruften…..

Amateurfuotbalspul
It amateurfuotbalspul begjint wer. Dat is in echte toto foar it amateurfuotbal. Per wike kinne je prizen winne. Leuk om mei te dwaan yn bijgelyks de regio Snits, omdat SDS dêr meast ek bij stiet. Je kinne fanôf no gewoan meidwaan foar de wykprizen. Der binne in
oantal SDS-ers dy meidogge en dat kinne best wat mear wurde, al soe it mar foar de wykpriis wêze. En oan de stân fan de SDS-ers, kinne je net sjen wa’t er it measte ferstân fan hat, mar wol wa’t it faakst meidien hat. Dus fergees registreare en meidwaan!

Programma foar sneon 23 febrewaris

12:15 SDS 3 – Leeuwarder Zwaluwen 4
14:30 SDS 4  – Franeker SC 7
14:30 SDS A1 – NOK A1
10:15 SDS B1 – LSC 1890 B2
12:15 SDS DAJ – Franeker SC DA1
10:15 SDS E1 – SDS E3
14:30 Broekster Boys 1 – SDS 1
14:30 Drachtster Boys 4 – SDS 2
14:30 Heeg 4 – SDS 5
10:45 OudegaHJSC C1 – SDS C1
11:00 FVC C3 – SDS C2

Ajax
Dy van Hanegem kin moai prate foar t.v. Hoewol hij kin ek hiel goed stil wêze. Dat er ek moai skriuwe kin bewiist hij sa no en dan yn it AD. Wat hij fynt fan Ajax en Cruyff makket er wol
hiel dúdlik.

Skiedsrjochter(3)
De fragminten fan juster en jajuster wienen legendarysk, mar falle yn it neat by dizze. Sjoch en genietsje………..