Evenementen in december 2022

Weppers tiisdei 19-2
18 februari 2008
Weppers woansdei 20-2
20 februari 2008

De twadde helte fan de SDS League is fan start gien. Mei 97 dielnimmers binne der no noch 9 spylronden te gean.

It is yn de earste wike Pa Madou Kees(Adema) dy ’t der fan troch giet mei de wykpriis. Hy hie 36 punten.
Op ús fraach hoe heech as hy tocht te stean nei de earste wike wie hy earder iets minder optimistysk:


Kees pakt krekt ien puntsje mear as Marije Stenekes dy ’t mei in soad “Reboelje” it 2e plak pakt.

De 1e priis yn de earste helte fan de SDS League troch Sybren Wijnia hat gjin tafal west. Hy start no alwer knap en stiet mei syn “Eastender Nightmares” gewoan 4e.

Pieter-Lieuwe van der Valk sil him nei de winterstop ek wol rotskrikke. Yn de earste helte fan de SDS League eindige hy noch stiif lêste mei “P. van P.” No begjint hy op it 22e plak.

“De Sprinkhaan”(Jeroen Brouwer) sil noch hiel wat sprongen nedich hawwe om krekt sa heech te eindigjen as nei de earste helte. Hy eindige doe as 4e en begjint no as …… 76e.

Ûnderoan stiet “In Control” fan Hendrik Engbrenghof. Sûnder wisselingen yn de winterstop liket hy ien fan de grutste kânshawwers fan de poedelpriis. Hy begjint mei 5 punten.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 1.