Weppers tongersdei 21-2

Weppers woansdei 20-2
20 februari 2008
Weppers freed 22-2
21 februari 2008

Futsal
SDS 1 hat juster mei 8-3 ferlern fan de nûmer 2, Friesland. SDS kaam 1-0 foar troch Tsjipke en like doe it beste fan it spul te hawwen. Friesland kaam 2-1 foar, mar Harm makke de 2-2 al gau. By rêst wie it 3-2 foar Friesland.
De twadde helte begie SDS sterk en like op wei nei de lykmakker. SDS krige de bal der net yn en dus wie it Friesland dy ’t efterienfolgens de 4-,5-,6- en 7-2 makken. Willem makke de 7-3 en by 8-3 wie it dien.
SDS hat efkes twa wiken rêst en mei dan op freed 7 maart tsjin Avanti 2.

Grunnings
Neffens Feike Jorritsma binne syn teksten op de kompjoeter no yn it Grunnings, troch it oersetten fan de webside. Hij krige
dit byld. At er mear binne dy’t dêr lêst fan hawwe, dan heare wij it graach.

Op tv
It is al wer efkes lyn dat er in Eastereinder Rock wie. Kommende sneon komt Freddy Scheltema oan it wurd yn in programma bij Omrop Fryslân, dit omdat der in nijsgjirrige DVD makke is troch
Wietse Zuidema. Halbe Pieter Claus, ek in bekinde yn Easterein, is de makker fan it programma en it komt om 18.40, 20.40 , 22.40 ensf.
It liet “Gleske Bier” dêr giet it allegear om.

Net super
Bij de LC league giet it mei SDS noch net super. Yn de amateurklupkompetysje stiet Blauw Wit boppeoan en stiet SDS noch altiten net bij de
earste 50

Skoare
Sûnt dit jier dogge de froulju fan SDS ek mei yn de kompetysje. Se wachtsje noch altiten op harren earste oerwinning, of leaver sein op harren earste puntsje. Mar it kin noch folle slimmer. Sjoch
hjir.

Skiedsrjochter(4)
Somtide begryp je de beslissing fan in skiedsrjochter net. Hielendal net yn dit filmke…………