Weppers woansdei 20-2-2019

Weppers tiisdei 19-2-2018
19 februari 2019
Weppers freed 22-2-2019
22 februari 2019

SDS 1 útbekere

It is SDS 1 net slagge om dizze bekerronde te oerlibjen. Yn in ljochtwedstriid op tiisdeitejûn kaam de ein tsjin tredde klasser scTwijzel.

De fysyk sterkere mannen út Twizel beslisten de wedstriid yn feite al yn 8 minuten.  Sij skoarden twa kear en SDS like hielendal fan slach. It duorre efkes mar nei in lyts healoere pakte SDS it op en in hiele grutte kâns hie mear fertsjinne as de peal.

De doe iepen wedstriid stie bij rêst op 0-2. SDS like nei it skoft it selde keunstke te flikken as scTwijzel yn de earste helte.  Habtamu de Hoop skoarde nei in moaie oanfal. De skoare wie noch mar krekt ferwurke op it skoareboerd doe wie it al wer rekke oan de oare kant. Tuskenstân 1-3 en dat waard ek de einstân.  Beide ploegen keazen foar de oanfal en sa wiene foar beide doelen kânsrike sitewaasjes.

It slagge SDS net oan de oanslutingstreffer te meitsjen en sa einige it boeiende duel yn 1-3.  Twijzel mei him opmeitsje foar de folgjende bekerwedstriid tsjin Elim of Flevo Boys 2.

Remco Hylkema foel yn de earste helte út mei in ankelblessure. De prima liedende skiedsrjochter mei help fan syn twa assistint kiedsrjochters, yn it fierder sportive duel,  hie in giele print foar Jacob Klaas

Opstelling SDS 1

 

Steven, Yward en Jorrit foelen yn.

Ut de LC

Ut it Friesch Dagblad

Piet Jan Nauta fan it Friesch Dagblad wie yn Easterein en makke dit ferslach foar de krante

Noch mear bekernijs

Der wie justerjûn noch in bekerwedstriid. Broekster Boys fersloech scMarum mei 3-4.