Weppers woansdei 20-11

Weppers tiisdei 19-11
18 november 2013
Weppers tongersdei 21-11
20 november 2013

Blessures
Dooitze is der moarn net……Ant wol.

Gjin trainen foar E3 en E4
Soms helpt in frisse noas at je net fit binne. Fan e middei is de noas wat te fris. E3 en E4 traine hjoed net, de trainer gjit lang ut mei in paracetamol en in bak thee op e bank! Gr. Hans

SDS 2 oefent tsjin Heeg 1
Tongersdeitejûn hat SDS 2 in oefenwedstryd tsjin Heeg 1. De wedstryd wurdt om 20.00 spile yn Heech.
De folgende minsken wurde om 18.40 yn Easterein ferwachte:
1 Jan
2 Bauke
3 Bote
4 Feite
5 Jesse
6 Gerrit
7 Sjoerd
8 Tsjeerd
9 Ayanle
10 Hendrik
11 Anne
12 Ralph
13 Durk
14 Skelte
15 Christiaan
16 Jelte Pieter

SDS 3 mei sneon ek
Kommende sneon mei SDS 3 om 14.30 thús fuotbalje tsjin SC Joure 2. Dizze wedstryd stie earst fêststeld op sneon 7 desimber om 15.45, mar om’t de wedstryd dan de twadde helte by nacht spile wurde moast wurdt dizze wedstryd no kommende sneon spile.

50 jier yn de lange hier
Hij fuotballe jierren yn it earste fan SDS, hij slute syn fuotbalkarriere ôf op hege leeftyd, hij hie as bijnamme Age 56 of Age 57 of Age 58 (hong fan syn leeftyd ôf) hij besoarget de Treffers yn Spannum en soarget der foar dat sy yn Winsum komme en hij is troud mei Pjirkje. Wij hawwe it hjir oer Gelf Eringa fan Spannum. Hij is hjoed 50 jier troud. Fan herte lokwinske.

Lokwinsken kinne jim
maile nei soan Hendrik yn Spannum.

Sponser- en freonenjûn
De sponsers en freonen fan SDS hawwe foar kommende freedtejûn in útnoeging krigen foar in noflike sponserjûn. Sprekker sil wêze Maarten de Jong, mister SC Hearrenfean. De sponsers en freonen dy’t Maarten de Jong net sa goed (mear) kinne dy kinne hjir noch wol efkes sjen wat hy allegear dien hat yn de fuotballerij.

Sa koenen wy him noch

10
De lêste seizoenen makke Ayanle Barkat hieltiten 10 goals per seizoen. Hy hikte derby tiden krekt nei de winterstop al tsjinoan om syn 11e goal te meitsjen. Hy is der dan ek tige wiis mei dat hy no sûn’t ôfrûne sneon op 11 doelpunten sit en sa einlings de flok brutsen hat.

Harsens derby (1152)
In moaie aksje is somtiden noch wol moaier as in goal. Dizze is spesjaal foar Ayanle: