Weppers tongersdei 21-11

Weppers woansdei 20-11
20 november 2013
Weppers freed 22-11
21 november 2013

C1 gjin trainen
It trainen fan C1 giet hjoed net troch.
Wytze


Programma sneon

Tiid   Skiedsrjochter
9:00 SDS E1 – Heerenveen E7G F. Reitsma
10:10 SDS E4 – Heeg E3 L. van der Pol
10:15 SDS B1 – Zeerobben B2 A.C. Vink
11:15 SDS F2 – Blauwhuis F1 A. Meijer
12:15 SDS 4 -ONS Sneek 5 H.vander Schaar
12:15 SDS A1 – Franeker SC A2 A. Eringa
14:00 SDS MC1 – SWZ MC1 Enne J. Bruinsma
14:30 SDS 3 – Joure SC 2 Friso Albada
11:30 SSS’68 F1 – SDS F1  
12:30 Blauw Wit D3 – SDS D1  

Gemeente

Sa no en dan sjogge wij efkes op de side fan de Gemeente Littenseradiel. Want wij binne noch wol wat hoopfol oer wat sinten foar in nij fjild. Foar de simmer like der wat beweging mar no alle bledsjes al wer fan de beammen binne en wij neat mear heard ha, begjinne wij wat ûngerêst te wurden.
Wat de rie op
11 novimber besletten hat hawwe wij efkes troch sjoen. Gjin sinten foar in fatsoenlik fjild mar wol it beslút dat de kantine twa oeren nei de lêste wedstriid iepen bliuwe mei. En dat like in oere te wurden. Dochs noch goed nijs dus.

Blessures
Dooitze is der jûn net……Ant wol.

SDS-Look-a-likes
De nije Treffer komt der hast wer oan, dus wy kinne wol wer wat SDS-Look-a-likes brûke. Mail se nei DeTreffer@vv-sds.nl!
Hjir wat foarbylden.

Doelpunten

It falt faak net mei foar ús om de doelpuntenmakker fan SDS 3 te efterheljen. Sa hiene wij fan sneon ek noch neat trochkrigen en hiene it doelpunt al op namme fan Heeg setten. No krije wij troch dat it fansels Pieter Kamstra is dy’t skoart yn SDS 3. Wa oars? Tenei sette wij gewoan altyd Pieter Kamstra as doelpuntenmakker, útsein yn dy gefallen at wij in oar troch krije.

VoetbalNoord
In tige nijsgjirrige side is
Voetbalnoord. Dêr kinne je in protte ynformaasje fine oer alle Standertalvetallen. Ek trainersnijs komt dêr rom oan bod. De adfertinsje fan SDS 1 stiet der fanôf moandei ek al op en der binne mear klups dy’t in trainer sykje. Sjoch ☼0nder it kopke trainer foar trainersnijs.

Foaroankundiging
Op freedtejûn 24 Jannewaris fan it kommende jier, sil der yn de kantine in instruksje jûn foar ‘de grinsrjochter’ wurde hâlden. Dit is foar alle leden, vrijwillegers, spilers, lieders, trainers, âlders, bestjoersleden, en oare belangstellenden dy wol ris foar SDS in flagge yn de hân hâlde of gean hâlden.
It begjin is om 20.00 oere. It sil likernôch in oere duorje. Der sil oan de hân fan foarbylden útlein wurde wat de taak fan in grinsrjochter is en ek de útlis fan de butenspul rigels. Tidens de instruksje is der tiid om fragen te stellen dy’t der mochten weze ta oansjen fan ‘alle’ spulrigels.
Yn de Treffer fan desimber mear hjir oer.

Hite nutsjes
Dit wisten wy fansels al lang.

Harsens derby(1153)
Der waarden wer prachtige goals makke yn de play-offs foar WK-kwalifikaasje. Dit wie ús favoryt…..






Daliks fêst mear!