Weppers tiisdei 19-11

Vacature hoofdtrainer SDS1
18 november 2013
Weppers woansdei 20-11
20 november 2013

SDS 3 mei sneon ek
Kommende sneon mei SDS 3 om 14.30 thús fuotbalje tsjin SC Joure 2. Dizze wedstryd stie earst fêststeld op sneon 7 desimber om 15.45, mar om’t de wedstryd dan de twadde helte by nacht spile wurde moast wurdt dizze wedstryd no kommende sneon spile.

Alvetalfoto’s
Wij as wepmasters binnen noch altiten optimistysk oer de alvetal foto’s dy’t sa moai stean op de side, dy’t foar sponsers ek sa leuk binne en dy’t sa aardichfoar letter binne yn ús archyf. Yn ús entûsjasme yn augustus gyngen wij der noch fan út dat soks foardat de winterstop yngiet wol klear wêze kin.
De hjir ûnder fermelde teams hawwe  de muoite naam om efkes bijelkoar stean te gean en immen te freegjen dy’t efkes in foto makket en dy nei ús mailt, wêrfoar ús tank:
SDS 2
A2
D1, D2, D3
E2, E3, E4
MC1, MC 2
F1, F2, F3
En de oaren? Dy hawwe noch in wike as twa, trije…. dat moat slachje soene je sizze, at je hiel optimistysk binne. Sa as wij.

Programma
Kommende sneon is der in ynhelprogramma. Jim kinne it allegear op de foarside besjen at jim op de giele button klikke. Let op thús en út steane apart fermeld.

Doelpuntenmakkers
Der is sneon wer in oantal kearen skoard troch de senioren en V1 en it resultaat kinne jim
hjir sjen.

Paskes
Wolle alle lieders die’t nog paske(s)  fan A1 spilers ha, dizze tongersdei meinimme.
Of bij mij yn ‘e bus gooie.
Alfêst tige bij tige….
Boudewijn.

Sponser- en freonenjûn
De sponsers en freonen fan SDS hawwe foar kommende freedtejûn in útnoeging krigen foar in noflike sponserjûn. Sprekker sil wêze Maarten de Jong, mister sc Hearrenfean. De sponsers en freonen dy’t harren noch net opjûn hawwe, kinne dat hjoed en moarn noch dwaan mei it briefke wat bij de útnoeging siet of fia
dit emailadres.

Sjurts

Krekt as de jeugd binne se bij it Efkes Baljen (mannen op leeftyd) ek al dwaande mei sjurts. Dizze kear kaam Ferry Korbach mei in sjurt út de midden jierren 90 oan, doe’t pa Fritz trainer wie dêr. Wij koene de foto fan dat jier net fine op ynternet mar it sjurt seach der sa út.
Ferry hoechde freed net in hesje oan fansels……

Nije trainer
3e-Klasser Workum hat in nije trainer fûn foar folgend seizoen. Arjen Hoekstra(no TOP’63) sil it roer nei dit seizoen oernimme fan Marco Vlap dy nei de winterstop it roer oernimme sil fan trainer Wouter de Vries dy ’t in wrâldreis meitsje sil.

Nije trainer(2)
Wa soe de ideale nije trainer wêze foar SDS 1? Louis van Gaal soe fine dat hy de beste opsje wie(sjoch
hjir).

Harsens derbij (1151)
Sis it mar: