Weppers woansdei 2-4

De èchte TRS-list!
2 april 2008
SDS League: Jan pakt wykpriis!
2 april 2008

SDS 3 futsal jûn yn aksje
De “talinten” fan futsal 3 spylje jûn tsjin WZS 6. It begjint om 20.00 oere en publyk is wolkom.

Futsal
SDS 1 spile justerjûn tsjin koprinner Workum. Wy binne benijd nei it ferrin fan de wedstryd. Mail nei
info@vv-sds.nl!

 

Doelpuntenmakkers twadde klaase L
Op voetbalnoord wurde alle doelpuntenmakkers út de twadde klasse L fermeld. Op dit momint sjocht de kop de sa út.


SDS League
Jûn hjir de nije stân.
 

F5

At er in protte F-kes binne dan hat SDS in F5 team. Dit jier is dat net it gefal.

Wêr’t wol  altyd in F5 op stiet is it toetseboerd fan de kompjoeter of laptop.

Mei dy toets kinne je it byld ferfarskje.

Dat is soms wol nedich.

Der binne nammentlik sites dy’t út harren sels in byld ferfarskje. Sa wurket it ûnderoaren bij VI.

De site fan SDS moatte je sels ferfarskje.

Dus, at je sneontemoarn om 7 oere de kompjoeter oandogge en der stiet noch net op dat it ôflast is, dan moatte je sa no en dan wol op F5 drukke, om te sjen at er ek nije ynformaasje bijkommen is.

Wêrom wij dit skriuwe? Wij hearden dat sommigen sneontemoarn lang sieten te wachten op de ynformaasje. Om 7.30 stie der noch neat op en dat byld bleau stean. At men op 7.45 op F5 drukt hie, dan hie men sjen kind dat der op stie dat D1 en inkele oare jeugdteam ôflast wiene.
Dit jildt fansels net allinne bij ôflastingen en mar oars.

VI-kwis
Ferskeiden klups hawwe yn de rin fan de jierren wolris yn ferskriklik ôfgryslike sjurtsjes spile. Witte jim noch welke klups yn welke sjurts spilen? Spylje dan 
dizze kwis. Wy binne benijd nei jim antwurden.

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Wy hawwe se hast kompleet!
Mail je tasnûmer nei
info@vv-sds.nl!
Sjoch hjir of de júste list kloppet(klik
hjir).

Hakkie(3)
Der binne ferskeidene foarmen fan hakjes. Dizze fan Van der Vaart is ek wol aardich.