SDS League: Jan pakt wykpriis!

Weppers woansdei 2-4
2 april 2008
Weppers tongersdei 3-4
3 april 2008

In bepaald part fan de famylje Stenekes docht it wol hiel goed yn de SDS League. Marije stie foar it wykein noch 2e en heit Jan pakt dizze wike mei de “Jan Spencer Blues Explosion” samar mei 44 punten de wykpriis.
Anne docht it noch net sa best al giet der dizze wike al fan 95 nei 91.

De knapste Stenekes’ en dan ek noch ferstân fan fuotbaljen…..It moat net mâlder…..

It is op ‘e nij Sybren Wijnia dy ’t mei “Eastender Nightmares” de kopposysje pakt. Hy sil dochs net wer winne?

Nei it winnen fan de earste helte,
no ek de twadde helte??


Wichard en Jappie slûpe nei de top. Mei de “P.N.’ers” steane sy ynmiddels 5 punten fan de koprinner en kreas op in 2e plakje.

Yn it ynterview lêsten yn de Treffer sei de leider fan SDS 1, René Zijlstra, dat hy it net meitsje koe om leech te eidigjen yn de SDS League. Sy soenen him dan miskien net serieus nimme. Hy hat wurd hôlden en stiet no mei “Camataru” sels al op in 4e plakje.

Ûnderoan stiet noch altiten “Kwaliteit is geen toeval”. Dizze wike pakte Rudy Dykstra mar leafst 5 punten mei syn team.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 7.