Weppers woansdei 2-2-2022

Weppers moandei 31-1-2022
31 januari 2022
Oefenwedstriid SDS 1- WPB 1 yn byld
2 februari 2022

SDS seal wer los

Woansdeitejûn mocht SDS 1 seal wer los nei de ferplichte koroanastop.
FFS (Stobbegat) wie de tsjinstanner

en ek al koe spits Mark it net wol fine.
Einstân 3-2

Foar yn de aginda

De KNVB slaat ús om de earen mei allegear nije programma’s, mar foar de SDS-supporters is it miskien wol it wichtichst om te witten dat de earste thúswedstriid fan SDS 1 is op sneon 26 febrewaris om 14.30 oere op it Sportpark yn Easterein.

Pupillen fan de wike

By de thúswedstriden fan SDS 1 binne der altiten 2 pupillen fan de wike. Dit binne derest fan it seizoen de pupillen fan de wike. Somtiden binne it der sels 3:

26-02-2022 SDS – Heerenveense Boys Bouke Doornbos & Tiede Posthumus
12-03-2022 SDS – Willemsoord Maren Brouwer & Romke Kuiken & Darryl Surriel
26-03-2022 SDS – Oeverzwaluwen Catoo Feenstra & Sven Hallema
09-04-2022 SDS – SVM Dorien Tacoma & Jasper Huitema
23-04-2022 SDS – Sneek-Wit Zwart Melle Terpstra & Auke Andries Veenstra
07-05-2022 SDS – DWP Martijn Smit & Jens Steenhouwer
14-05-2022 SDS – Scharnegoutum Finne Wagenaar & Tymen Stenekes
28-05-2022 SDS – Makkum Brent Overal &Tijmen Bults & Jinse Durk de Jong

Oefenje

Justerjûn hat SDS 1 oefene tsjin Waterpoort Boys. Sneon sille sy op ‘e nij oefenje. Dan om 14.30 yn Nijlân tsjin 2e-Klasser vv Nijland.

G.n.t.

De wedstriid fan SDS 3 tsjin IJVC 2 giet kommende sneon net troch. IJVC hat ôfbelle.

Doch ek mei oan de SDS-League!

De transfermerke sit der op en de nije ynskriuwformulier foar de SDS-League steane hjir op de webside. Graach je team ynleverje foar sneon 16.30 oere. Ofdieling Spannum wie wer as earste mei ynleverjen. Sawol Hendrik Eringa as Seriette Strikwerda hawwe harren teams al klear en ek Grietzen Broersma en Hendrik Engbrenghof. No jim noch!

Harsens derby (2346)

It is miskien al handich as de pupillen fan de wike earst noch efkes op sjongles gean: