Weppers moandei 31-1-2022

Weppers snein 30-1-2022
30 januari 2022
Weppers woansdei 2-2-2022
2 februari 2022

Programma SDS Vr.1

De KNVB hat by Vr.1 it kompetysjeprogramma oer de kop helle. It meast spitige is dat wy se pas op 5 maart foar it earst wer thús fuotbaljen sjen kinne. Dit is it nije programma:

Programma SDS 2

De KNVB hat yn al har koroanawiisheid besletten om it programma fan de ploegen yn de A-kategory hielendal opnij fêst te stellen.
Dit betsjut ek foar SDS 2 in hiel nij programma:

Leaf

Trainer Douwe Posthuma wie ûndanks de hurde wyn tige bliid om wer los te kinnen ôfrûne sneon. Hy aaide sels assistint-skiedsrjochter Enne-Jehannes Bruinsma efkes oer de hân.

Oefenje

SDS 1 sil moarntejûn om 19.45 oere thús oefenje tsjin 4e-Klasser Waterpoort Boys 1. Sneon sil der oefene wurde tsjin 2e-Klasser Nijland 1.

Traine

Om ’t SDS 1 moarn oefent om 19.45 oere sil SDS 2 moarn al traine fanôf 18.45 oere. Bote Strikwerda sil de training liede.

De nije SDS-League

Hjoed de lêste dei fan de transfermerke, dus dat betsjut dat wy moarn de nije ynskriuwformulieren foar de SDS-League klear hawwe. Dan kinne jim se mar wer ynfulle. Wy wolle graach kommend wykein al los, dus sy moatte foar sneon 16.30 oere ynlevere wurde.

Transfermerke

Hellet sc Heerenveen noch in middenfjilder en in spits? Giet Ajax noch foar Bergwijn? Komt Feyenoord noch mei in sub-tropyske ferrassing? Bliuwt it sa stil by sc Cambuur? Jim kinne it hjoed hjir folgje.

Harsens derby (2345)

Ho……