Weppers woansdei 19-4-2017

Weppers tiisdei 18-4-2017
18 april 2017
Keepersdei by SDS
19 april 2017

Sneon 3 juny seizoensôfslúting

Op sneon 3 juny wolle wy graach mei jim allegear it fuotbalseizoen ôfslúte. De jongste jeugd slút it seizoen ôf mei de jierlijkse slotjûn. Op sneon 3 juny wolle wy foar de B’s,C’s en MC’s in mikstoernoai organisearje en dêrnei in mikstoernoai foar de A’s, senioaren, froulju, sealfuotballers en efkes ballers. Dêrneist wer in barbecue en in stikje muzyk. De frijwilligers meie fergees meidwaan oan de barbecue. Ynkoarten mear hjir oer!

Lêste kompetysjewedstryd SDS 1

Wy geane der fanút dat SDS 1 op sneon 13 maaie syn lêste wedstryd fan dit seizoen spilet. Sy meie dan thús tsjin Heerenveense Boys 1. Wy sille soargje dat wy nei de wedstriid in alderaardichst stikje muzyk hawwe. Letter mear hjir oer. Sykje je favorite platen mar fêst byinoar!

SDS VR1

Jûn mar efkes op it sportfjild sjen, tochten wij sa. SDS VR 1 binne de gastfrouen foar it team fan QVC VR1, It begjint om 19.30 oere.

SDS seal 1

Mochte it dochs te kâld wêze rûn it sportfjild dan kinne jim ek altiten yn de sporthal sjen. Hjir spilet SDS seal 1 om 20.00 oere tsjin sc Bolsward 4.

Programma sneon

Sneon binne der ek wer tal fan wedstriden. Sjoch hjir it hiele programma.

Keepersdei SDS

Sneon net allinnich in hiel kompetysjeprogramma, mar ek in SDS-keepersdei. Fannemiddei kinne jim it programma hjir op de webside fine. It stiet ek yn de nijste Treffer.

SDS JO17-1


Mei noch 3 wedstriden stean se op in kreas fjirde plakje mei noch mooglikheden om tredde te wurden. It waard dan ek wol tiid foar de alvetalfoto.

Fertuteaze

Fia de ynternetside Staantribune komme wij der efter dat er bijsûndere resten binne fan eardere stadions. Op nûmer 1 fan de meast fertuteaze stadions dy’t der noch altyd lizze en echt net mear brûkt wurde is dit it meast bijsûndere foarbyld.

Harsens derby (1873)

Ho………….