Wat letter
Goeie,
It kin wêze dat ik tongersdei efkes letter op de Skoalleseize bin. En dat efkes kin ek nog wol nei 8 ûre wêze. Hinget fan myn soan âf, Hy docht mei oan de “finale scholen ploegen achtervolging” yn Haarlem. En ik gean mei.
Dooitze Nauta
Nije Treffer
Mei in bytsje gelok dan komt folgende wike de nije Treffer út. Hawwe jim noch wat, mail it dan nei Detreffer@vv-sds.nl!
Futsal
SDS 1 spilet jûn om 20.00(!) thús tsjin Urk 1.
PSV-Ajax
Foar wa ’t net nei it sealfuotbaljen fan SDS 1 yn Easterein giet is it miskien in opsje om jûn de topper PSV-Ajax te sjen. Hy is te sjen yn de Jimbar. De útstjoering begjint om 20.10(klik hjir).
SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
It TRS wurket noch net optimaal.
Wy krigen û.o. dizze twa mailtsjes:
*Piter van der Pol E3: Tasnummer 34
Groeten, Gerrit Flisijn.
Of soe it sa wêze dat Piter de tas moarns brûkt en Gerrit middeis?
Mail dochs je tasnûmer nei info@vv-sds.nl!
SDS 5
SDS 5 giet sneon wol wokken, mar net fuotbaljen. De wedstriid tsjin Oudehaske is op 29 maart om 14.30 oere. It wokútsje begjint om 18.00 oere bij Jimbar.
Wol in fersyk fan de organisaasje oan Ype en Daan om op tiid te kommen, want de bus wachtet dizze kear ek net.
Penalty(3)
Ien fan de meast memorabele penaltys is fansels dy fan Johan Cruijff tegeare mei Jesper Olson(klik hjir). It like sa makkelik, mar dat is it blykber net.
Nijs?
Of oars wat. Maile kin nei dizze adressen.