SDS League: Sytze Kooistra pakt de wykpriis!

Wepperkes tiisdei 18-3
17 maart 2008
Weppers woansdei 19-3
18 maart 2008

It is fan ‘e wike “Gokje”? fan Sytze Kooistra dy ’t de wykpriis pakt. Hy hie 53 punten. Hy bleaun hjirmei 4 punten foar op De Top 3 fan Trienus de Jong. Sytze docht goeie saken want hy giet yn ien kear fan 24 nei 2.


Feiko Broersma hie net folle fertrouwen yn Sytze syn team.

Harm-Auke Dijkstra sjocht it hielendal sitten. PSV troch yn de UEFA-cup en mei Boeruhh Eindhoven stiet hy no 5e yn de SDS League. Spitich foar Harm-Auke is wol dat PSV moarn syn kampioenstitel ferspilet oan Ajax…………

Team Toering rekket mar net op folle toeren. It team fan Jaap Toering toert dizze wike fan 51 nei 90 mei mar 9 punten.

Ûnderoan is it op ‘e nij “Kwaliteit is geen toeval” fan Rudy Dykstra dy ’t net hielendal ûntafallich wer net sa folle punten pakt. Foar de tredde wike efterelkoar in negatyf saldo. Dizze wike -1 punt mar leafst. 

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 5.