Weppers tongersdei 21-3

Weppers woansdei 19-3
18 maart 2008
Seleksjes sneon
21 maart 2008

Giet it trainen jûn troch?
Al it trainen is foar fannejûn ôflast..

Op ‘e tiid
Dooitze Nauta lit witte dat hy jûn wol op tiid is as der genôch minsken komme. Hy is der dan om 20.00. Wa ’t nei him ta wol moat efkes maile nei ús om te sjen as der genôch binne sadat it de muoite wurdich is foar Dooitze om te kommen.

Futsal: SDS 1 ûnderút
SDS 1 hat juster mei 8-4 ferlern fan Urk 2. Nei 4 minuten stie der al in 2-0 foarsprong foar Urk op it skoreboerd. SDS wie hjirnei in skoft better mar makke de kansen net ôf. Nei de 3-0 like de wedstryd spile. Yn de twadde helte rûn Urk út nei 6-1(goal fan Peter). Hjirnei begie SDS te skoren en kaam it noch tot 6-4(Skelte 2x en Tseard B.). It like noch efkes spannend te wurden, mar nei de 7-4 en 8-4 wie it dien.
Sjoch hjir foar de stân.

Oanbean
Twa Wommelser froulju sieten de ôfrûne 4 wiken yn Thailân en Maleisie. Snein ferlitte se dit lân.
Wij krije fan harren in berjocht:
Gratis aangeboden: 2 tickets voor de finale van de Grand Prix as.
zondag 23 maart in Kuala Lumpur. Vak C3 hill-side. Wij hebben tickets voor 3 dagen en kunnen helaas maar 2 dagen naar deze spectaculaire wedstrijd. Reacties graag via de site.
groeten Hildau en Paula…

Twa klups
Je kinne mar fan ien fuotbalklup lid wêze neffens de rigels fan de KNVB. Dat kin wolris problemen opleverje en dêr wol de KNVB wat oan dwaan. Sjoch
hjir.

Winner en ferliezer

Sneon spile SDS 5 tsjin Skearnegoutum 4. Dat is ek de striid fan Harm Auke Dijkstra en Jappie de Vries. Neffens Jappie drinkt Harm Auke bij him regelmjittich de kûlkast leech. Wij leauwe der neat fan.
Dat Hampie mei 4-2 wûn en ek noch skoorde levert wer hiel wat leuke jierdeis op bij huize de Vries.

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Mail je tasnûmer nei info@vv-sds.nl!

JRF
Ús âld-haadsponser, fotopersburo JRF, hat noch in bult SDS-foto’s lizzen. Op syn webside kinne jim se besjen en bestelle(klik hjir).

Ynteressant
Wy fûnen wol in aardich artikel oer de mooglik nije trainer fan SC Heerenveen en de 1e keus fan Ajax(klik hjir).

Penalty(4)
Dizze penalty is hiel orisjineel, mar telt net echt mei omdat der net nommen wurdt yn in echte wedstryd.


Nijs?
Of oars wat. Maile kin nei dizze adressen.