Weppers tiisdei 18-11

SDS lottet dreech foar OFK
17 november 2014
Weppers woansdei 19-11
18 november 2014

Oefenje
Sawol SDS 1 as 2 hawwe jûn in oefenwedstryd. SDS 1 oefent út tsjin De Sweach 1 en SDS 2 út yn Terwispel tsjin Wispolia 1. SDS 1 sil mei in team ûnder de 23jier fuotbalje. Der sille dus in stik of wat A’s mei.

Gjin trainen
Er zijn meerdere A’s die mee doen met de oefenwedstijden van het 1e en het 2e.
Hierdoor is er geen training voor de A’s.
Boudewijn.

Ek gjin trainen
Y.f.m. de oefenwedstryd fan SDS 2 tsjin Wispolia hat de B-seleksje jûn gjin trainen.
Bote

Topskoarderslist
De topskoarderslist is wer bijwurke en it is dúdlik dat se it der bij SDS 4 efkes oerhân hawwe om der foar te soargjen dat net ien fan de froulju mei de titel der fan troch giet. Dus alle ballen op Robert en oars mar op Peter en Harm Auke.

Fjild oer de kop

Nee, dit binne noch net de earste aksjes om it fjild oer te kop te heljen foar keunstgers. Dit is al fan moai wat jierren lyn doe’t de skeppe in ideaal helpmiddel wie foar de frijwilliger om de drainaazje greppels te graven.

Dirk Yde
Dirk Yde en Imke ferkieze it strân, de see en de snorkel boppe de fuotbal en de folleybal. Sjoch
hjir foar diel trije út harren reisferslach en echt it leit net oan jim eagen (dy lytse letters).

Alderaardichst
Fyn de 4 manlju yn dit Iraanske frouljusteam!
Afbeelding weergeven op Twitter

Harsens derby(1374)
Ho!





Letter miskien mear!