Weppers woansdei 19-1

Weppers tiisdei 18-1
17 januari 2011
Weppers tongersdei 20-1
19 januari 2011

SDS 1 traint tongersdeitejûn yn Easterein
De trainingsfjilden sjogge der knap út en dus traint de
A-seleksje fan SDS moarntejûn gewoan yn Easterein.
Let wol, de training start net om 20.15 oere mar om
19.45 oere!

De folgende minsken wurde ferwachte:
1. Skelte
2. Ewout
3. Feiko
4. Feite
5. Erik
6. Jacob-Klaas
7. Arjan P.
8. Jelmer
9. Harm
10. Redmer
11. Jaap
12. Tsjipke
13. Mark
14. Kristian 
15. Henk
16. Jacob van W.
17. Wytze
18. Marten

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn (1)
SDS 1 mei jûn sealfuotbalje tsjin Blauw-Wit ’34 yn Ljouwert. Jaap, Feite, Tsjipke, Anne, Freek, Wytze en Willem fuotbalje dêr om 20.00.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn (2)
SDS 2 spilet jûn om 21.30 thús tsjin Haskerland 6.

Winners SDS-jeugdsealtoernoai
Hjir noch efkes in foto fan de winners by de F-kes fan ôfrûne sneon:


Wol/gjin wissel
De sealfuotballers fan SDS 1 hienen freed in net al te beste tarieding op de finales fan it OFK ôfrûne sneon. Sy moasten freedtejûns foar de kompetysje noch fuotbalje yn De Harkema. De KNVB woe de wedstryd net fersette en Tsjipke, Peter, Ruurd en Jelle wienen net fit genôch om mei te dwaan. Lokkich genôch woe Jan-Simon Jelsma wol mei en sa hie SDS dochs noch 6 man en dus ien wissel. Dit duorre allinne net sa lang. Jan-Simon makke nei sa ’n 10 minuten “licht” hands en krige lyk in reade kaart. Dat betekene dat hy net mear meidwaan mocht en de rest fan de wedstryd fanôf de tribune besjen mocht. Hy seach dat SDS sûnder wissel úteinlik mei 8-3 fan De Harkema ferlear.

Reservesjurts
Willen de leiders van de teams die nog in het bezit zijn van senioren-, junioren- en pupillenreserveshirts ( rood met opdruk “Freonen fan SDS “ ) deze inleveren ( bij voorkeur deze week ) bij Klaas de Haan, A. Joustrastrjitte 11, 8734 GJ Easterein, telefoon 0515-332182.
Met vr. groet,
Willem Twijnstra, coördinator materiaalbeheer SDS.


Harsens derby (382)
Dizze aksje soe net misstean yn de seal: