Weppers woansdei 17-9

Doch ek mei oan de nije SDS-League!
17 september 2008
Weppers tongersdei 18-9
17 september 2008

Nije sponser
Sa ’t jim sjen kinne rjochtsûnder hawwe wy alwer in nije sponser. It is ús eigen “Sibe Sattelyt” Wichard Deinum dy ’t mei syn bedriuw, WD-Sat, de webside sponsert. Wy binne hjir tige wiis mei. Sjoch gauris op syn side, want dat is de muoite wurdich.


Grutte klupaksje

Op 1 oktober start de ferkeap fan de Grote Club Actie lotten. Fan alle seniorleden en de A en B junioaren wurdt ferwachte dat der 3 lotten kocht wurde. Elts is frij om dy lotten wêr troch te ferkeapjen oan heit of mem, pake of beppe of miskien wol de buorfrou.
Yn de rin fan oktober komt jim lieder of ik by jim lâns foar € 7.50 yn ruil foar 3 lotten. € 6 komt hjirfan te goede oan SDS!!  En der is kâns op moaie prizen!  Gean derfoar!
Gr. Immie


Frij
SDS A1 hat sneon frij krige fan Lody. Der waard moandei traint en der wurdt woansdei en freed traint. Remco Piek en Wiebe Jan Valkema traine ek wer mei en sa binne we wer kompleet.
Klaas

Yn Velp
Jildert Hylkema, Doede Kooistra en Ids de Boer sitte troch de wike yn Velp en binne der dus nea te trainen by SDS 1, A1 en 3. No krije wy troch dat sy dêr yn de buert in feriening fûn hawwe wer ’t sy traine kinne. Wy binne benijd by welke klup dit is.

Ferslach SDS 3
Ha Mannen,
wy ha hjir yn 058 eins nea ruzje mei elkoar, mar wol mei de kompjûter.
De technyk is us de baas, foaral as dizze net mei wurkje wol en de kop yn de nekke smyt.
Sadwaande in ‘ferlet’ ferslach fan de wedstryd fan it 3e fan ôfrûne sneon(klik
hjir).
Groetnis, Sjoerd.


SDS League
Jim kinne jim wer ynskriuwe foar de SDS League. Hjir kinne jim der alles oer fine.

Koot en Bie
Spesjaal foar ús nije wepsponser hawwe wy in moai filmke fan Koot en Bie opsocht.
Yn de tiid dat Wichard syn debút makke by SDS 1 waard der eins noch nea pokere. Der wienen doe oare kroechspultsjes hiel populêr sa as bamzaaien. Wa ’t net mear wit hoe ’t dat ek al wer gie hjir in opfriskursus: