Weppers tongersdei 18-9

Weppers woansdei 17-9
17 september 2008
Weppers freed 19-9
19 september 2008

Bus nei VHK
Sneon giet it earste mei de bus nei VHK.
Wa mei wol kin him oanmelde by
Enne Bruinsma
til: 0515-332013 of eameladress ennebruinsma@wanadoo.nl.

Flagje
De froulju fan SDS spylje sneon út tsjin Mulier. Sy geane om 9.45 fuort en spylje om 11.00. De seleksje is aardich kompleet, mar sy hawwe noch in flagger nedich. Wa wol?
Nim kontakt op mei Jan-Bouke Bouma; 332609.

Promoasje
It seizoen is noch mar krekt oan de gong en it is no al dúdlik dat  ien fan de SDS 5 spilers yn novimber promofeart. Fan foarsitter KF Easterein ta bestjoerder fan de KNKB. Wij seagen it al wat oankommen
Tjeerd.

Frans Stap

Soms sjogge je gelokkich ek wer nije gesichten bij SDS.
Sûnt dit jier is Frans Stap jeugdtrainer. Dizze Eastereinder, dy’t fan komôf in Bildtker is, helpt bij it trainen fan F1 en hij traint alle E en F keepers.

Lekker balje

Der is dit jier in flinke groep dy’t traint en noch gjin wedstriden spilet. Woansdeitejûns binne se drok dwaande.

Kwyt
Habtamu de Hoop is in blauwe skinebonkbeskermer fan Nike kwyt. Wa wit wêr ’t der is?
Skilje Habtamu efkes op 331854.

Futsal 2
SDS 2 hat juster mei 4-3 ferlern fan TOSS. SDS 2 wie de earste helte better, mar bleaun hingjen by in 3-1 foarsprong. De twadde helte soe TOSS wol efkes oprolle wurde om ’t sy ek gjin wiksels hienen en wol wuridch wurde soenen. It wie allinnich oarsom en TOSS wûn mei 4-3, al krige SDS 2 noch genôch kansen.

Debút
No ’t SDS futsal 1 dit seizoen net útkomt yn de kompetysje sil ien fan de wepmasters(dy sûnder burd) dit seizoen ek wol net folle yn de seal te sjen wêze. Dit spyt him al. Lokkich genôch kaam juster de skiedsrjochter net opdagen by de futsalwedstryd tusken SDS 2 en TOSS. Sa koe dy wepmaster dochs noch efkes los………..as skiedsrjochter.

Training A1

Juster wienen der mar 11 man op de training fan SDS A1.
En dat wylst Lody ek nochris in gasttrainer, Ron van Houten, der by hie.
Dat wie dus wol spitich foar de jonges dy der net wienen, want der waard prachtig traind!
Wa wienen der net dan?
Arjen, ankel (skille)
Wytse Hein, wat oars (skille)
Wytse L, wat oars (skille)
Doede (traint yn Velp!?)
Ronald, wat oars (sms nei Elger)
Freek, út iten (skille)
Wiebe Jan, ?, (net skille)
Harm Jan, ?, (net skille)
Freed 19 septimber traine om 20.00 oere! En sneon dus frij Lody is begûn mei syn kursus Oefenmeester nûmer (?) en moat ek wolris nei Zeist ta. Lody, sukses!
As hy der net is op woansdei wurde de trainingen fersoarge troch Ron.
Klaas Pompstra

Yn Velp(2)
Juster skreaunen wy dat Ids, Doede en Jildert yn Velp in klup fûnen hienen om te trainen. Ús bron wie net hielendal goed ynljochte:
Ik haw hjir noch gjin klup om te trainen, it hinget ek fan de drokte mei skoalle ôf at dat em wol wurd. Oars sil ik yn it folgende skoaljier probearje om wer mei de B-seleksje mei te trainen. Mei Klaas hie ik ôfpraten dat ik altyd noch mei traine kin at ik ris yn Fryslân bin op tiisdei of tongersdei. Foar safier ik it wit hat Jildert Hylkema ek noch gjin klup fûn om te trainen, mar hy is wol altyd oan it draven. Ik sil hjir straks wat op de racefyts troch de heuvels skeure.
Groeten Ids

SDS League
Jim kinne jim wer ynskriuwe foar de SDS League. Hjir kinne jim der alles oer fine. De earste teams binne ynmiddels al binnen.

Lifte

It is noch mar septimber, mar der binne al wer wat SDS’ers dy’t neitinke oer it liftsjen. Op 1 jannewaris sil de 8ste edysje fêst wer fan start gean. Wij hawwe al wer heard dat Sjoerd en Jan wer mei dwaan wolle en ek Sjoerd Rispens tinkt in goeie kâns te meitsjen.
Sjoerd en Jan hawwe wat ûndersyk dien, wat no de beste formule is. It resultaat kinne jim
hjir sjen.

Leuk
Scannen0001