Weppers woansdei 17-10

Jou dy no op foar it Meinte-Sixma-toernoai!
16 oktober 2018
Weppers freed 19-10-2018
19 oktober 2018

Grutte klupaksje
Afbeeldingsresultaat voor grote clubactie

Bêste leden,

Alle leden fanôf de JO/ MO17 hawwe fan harren lieder 2 Grote Clubaktie-lotten kriigen. Dizze lotten kostje €3 it stik en wurde, krekt as oare jieren, automatyske ferrekkene mei de kontribusje yn novimber. 
Dizze lotten kinne se dus sels hâlde, mar meie ek troch ferkocht wurde. Der binne yn elts gefal wer moaie prizen te winnen! Sjoch hjir mar ris!

It SUPERLOT

Afbeeldingsresultaat voor grote clubactie superlot
Derneist hawwe we ek in superlot. It superlot is €150 en dan hawwe je dus 50 lotten en dus ek 50x kâns op in moaie priis. 80% fan dat lot gjit nei de klub. As jo as bedriuw dochs in bytsje sponsorje wolle, as gewoan as partikulier, dan kin dat ek op dizze wyze. De feriening makket dan ek noch kâns op it Grote Clubaktiefeest foar it bedrach fan €5000. In ekstra stikje gratis reklame sit der dan ek by yn. Liket jo/do dit wat, dan kin je kontakt opnimme mei Anneke Gaastra – Wierenga en dan komt it hielendal goed.
As der noch fragen binne, dan hear ik it graach!
En ik ha noch in oantal lotten oer, dus………
Groetnis Anneke Gaastra – Wierenga, skriuwster v.v.-SDS

Dochs noch wat wûn!

SDS 4 ferlear sneon mei 2-1 by Hielpen 1, mar gie dochs dik tefreden nei hûs. De iel smakke dan ek best!

Opstapkes

Rûn it keunstgersfjild steane in hiele protte opstapkes om op en fan it fjild te kommen. Sa rekket it stek net beskadige as je der oerhinne stappe.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn

De sealfuotballers fan SDS mochten wer los. Sy spilen om 20.00 oere thús tsjin Black Boys 4 en ferlearen mei 0-8

Harsens derby (2062)

Mocht SDS sneon net skore kinne tsjin Oudehaske dan giet Jaap gewoan mei nei foaren.