Weppers freed 19-10-2018

Weppers woansdei 17-10
17 oktober 2018
Sneon 20-10-2018
20 oktober 2018

Beheind programma

Yn ferbân mei de hjerstfakânsje is der sneon mar in lyts programma.

09:45 SDS MO17-1 GAVC MO17-1
09:45 SDS MO13-1 Black Boys MO13-1
10:15 Oeverzwaluwen JO11-2 SDS JO11-2
10:00 Black Boys JO15-1G ST SDS/Nijland JO15-3
12:00 FVC JO15-2 ST SDS/Nijland JO15-1
14:30 Oudehaske 1 SDS 1

SDS 1 nei Aldehaske

SDS 1 mei sneon om ús de goeie reeks fan twa oerwinningen efterelkoar, útwreidzje mei noch in oerwinning. Om 14.30 moatte se tsjin Oudehaske 1 en dy ploech hat in stroeve start yn dizze kompetysje. Sjoch de stân yn 3A hjir.
SDS 1 sammelt om 12.30 oere, hat om 12.45 oere de wedstrydbesprekking en stapt om 13.00 oere yn de auto. Dit is de seleksje:
1 Jaap
2 Gerwin
3 Jacob-Klaas
4 Marco©
5 Remco
6 Ewout
7 Matthijs
8 Erik
9 Habtamu
10 Pieter
11 Lourens
12 Bauke
13 Wiebe
14 Hendrik

SDS 2 oefent by ONT

SDS 2 sil moarn om 14.30 oere oefenje tsjin ONT. Sy fertrekke om 13.00 oere út Easterein. Dizze 13 man steane op papier:
Marten, Bote, Jurjen, Jort, Jesse, Jildert, Frank, Niels, Yward, Dirk, Hendrik, Pieter en Inne.

SDS JO19-1 nei Dokkum

De SDS JO19-1 sil moarn te oefenjen yn Dokkum. Sy spylje dêr in oefenwedstriid tsjin 4e-Divisionist Be Quick Dokkum.

Kantine sneontemiddei ticht

Om ’t der moarntemiddei net fuotbald wurdt yn Easterein is de kantine middeis ticht.

Wolvegea

Dat Wolvegea der úteinlik dit jier yn de tredde klasse A útrint, soe best wolris sa wêze kin. Yn Easterein hawwe wij sjoen dat it team goed yn elkoar stekt. Yn it FD dizze wike ek in artikel oer de topskoarder yn de tredde klasse A.

Spilerspas

As je noch gjin foto op je ‘spilerspas’ yn de voetbal.nl-app hawwe dan kinne je dat foar 1 novimber dwaan. Sjoch hjir.

It het noait wat west

It fuotbal yn Ljouwert ûnder in fergrutglês. In soad klups, mar te min op nivo. Dat is de strekking fan dit artikel yn it FD.

Leafmasters

Op it keunstgers hawwe wy lêst fan blêden op it fjild, mar lokkich hawwe wy Andries Stuiver en Klaas Overal dy ’t der ôfrûne wike wer drok mei dwaande west hawwe om it keunstgersfjild blêdfrij te krijen. Tsjintwurdich kinne je dêr ek in ‘Leafmaster‘ foar oanskaffe. Dat kostet in bult jild, mar wy hawwe leaver ús ‘leafmasters’. Sy binne ûnbetelber!

Nei sc Cambuur – Helmond Sport

Guon fuotballers fan ST. SDS-Nijland JO15-2 sille jûn nei sc Cambuur – Helmond Sport. Guon fuotballerkes fan Nijland rinne mei yn de line-up en sa krige vv Nijland ek 50 frijkaartsjes. Leden fan Nijland koenen hjir gebrûk fan meitsje en sa ek de fuotballers fan SDS-Nijland JO15-2.

Afbeeldingsresultaat voor sc cambuur stadion

Harsens derby (2063)

Ho!

 

 

Letter mear!