Weppers tongersdei 17-9

Weppers woansdei 16-9
16 september 2009
SDS League: Berrie Boys pakke wykpriis!
17 september 2009

Fuotbalplaatsjes
Der wurdt hurd wurke oan it fuotbalplaatsjesboek. No binne der noch in pear plaatsjes wêr ’t gjin namme by stiet. Wa wit wa ’t dit binne:
sds21
sds29
sds6
Sjoch hjir foar de foto’s.
Mail de nammen nei Enne.

Tip
Wy krigen in aardige tip fan Alie van der Weg. Yn it Rabobank-boekje stiet in bon die je ynfulle kinne y.f.m. ledensponsering. Rabobank stoart dan € 5.00 naar de feriening dysto steune wolst. It liket ús gjin gek idee om dy bon yn te fullen en dat ten goede komme te litten oan SDS. Alfêst tige by tige.

SDS League
De hiele dei binne wy al dwaande om de teams fan de SDS League yn te fieren. Wy hoopje fannemiddei noch mei de stân te kommen. Dat wurdt noch switten.
As wy goed telt hawwe dan dogge der mar leafst 85 teams mei.

Jierdei

Juster hie Wilma de Pundert fan Da1 har jierdei. Mar dat wie gjin reden om net nei it trainen te gean. Se wie der. Om te traktearen en om mei de oare froulju op de alvetalfoto te gean. De nije sjurts mei reklame fan Gerbrandy stiene goed sa fier wij sjen koene.

Keeperstraine

Woansdeitejûns krije twa F-kes ek keeperstraining fan Frans Stap. Rjochts op de foto Martijn de Haan fan F1 en links yn it doel Rimmer Kamstra.


……….en bij Rimmer seagen wij in stijl dy’t ús bekend foar komt. Want syn heit Klaas stiet ek wol gau ris ûnder de latte……..


…..at Martijn ek de stijl fan syn heit Harm hat, dat witte wij net. Dy ha wij noch nea keepen sjoen……..