Weppers woansdei 16-3-2022

SDS-League: ‘Hoekie Boys’ pakt de kopposysje!
15 maart 2022
Weppers freed 18-3-2022
18 maart 2022

Smokers better smite

De lêste wiken lizze der wer hieltiten mear peuken rûn de fuotbalkantine wylst der ‘jiskebaktegels’ lizze. Wy soenen graach sjen as de smokers hjir harren peuken ynsmite foar ’t daliks in peuter se opfret……

SDS seal jûn los

Om 21.00 oere spile SDS seal de thúswedstriid tsjin Futsal Heerenveen 1. De ploegen steane frijwol gelyk op de ranglist, mar futsal Heerenveen wûn mei 1-6.

SDS VR1 los yn ljochtwedstriid

Ek SDS VR1 mei jûn los. Tsjin LAC Frisia VR 1 meie se besykje in puntsje (of mear) te heljen. Om 20.00 begjint it op de Skoalleseize en it is in moaie einstân wurden. SDS wint mei 3-1 en de earste punten binne binnen. Femke, Seriette en Lysanne makken de doelpunten.

3A

Yn de tredde klasse A, wêr’t SDS 1 ek yn sit, is justerjûn ien wedstriid spile. De koprinner Workum wûn mei 0-3 fan Willemsoord.

Kantine iepen

Lykas foar de Korona is de kantine eltse tongersdeitejûn iepen. Moarntejûn sil de foarsitter foar de hapkes en snapkes soargje. Moai meinommen is al it Europees Fuotbal moarn op it grutte skerm. No al nocht yn!

‘En gjin peuken op de grûn!’

Freedtejûn 7 tsjin 7

De 7 tsjin 7 kompetysje giet ek wer los en kommende freed is SDS gastfrou foar trije teams út de regio.
Blauw Rood, Mulier en Makkum  binne de tsjinstanners. Fanôf 19.30 te sjen yn Easterein.

Kommend wykein

Kommende sneon binne der frijwol gjin wedstriden foar de jeugd ( 1 thús en 3 út) en meie de senioren wol los mei útsûndering fan SDS 4 en 5.

Foar 10 euries nei sc Heerenveen – Heracles

Kommende freed 18 maart spilet sc Heerenveen thús tsjin Heracles om 20.00 oere. Hjir kinne je al foar 10 euries hinne en dan giet der ek noch €2,- nei SDS. Jim kinne der hjir alles oer lêze.

Harsens derby (2358)

Elts team hat der wol ien spiler by dy ’t der sneons sa by sit: