SDS-League: ‘Hoekie Boys’ pakt de kopposysje!

Weppers moandei 14-3-2022
14 maart 2022
Weppers woansdei 16-3-2022
16 maart 2022

‘Mei it Draaiend Rad yn de kantine woe it sneon net slagje om in priis te pakken, dus dan mar de kopposysje pakke yn de SDS-League’. Dat sil Marc Hoekstra tocht hawwe en dat is him ek noch slagge mei ‘Hoekie Boys’.
Hy nimt de kopposysje oer fan ‘FC (Arjan) Hallema’ en stiet 2 punten foar op ‘vv DWO’ fan Durk Okkema.

‘Mei Vr.1 is it noch efkes wachtsjen op de earste punten, dus dan mar in pryske pakke yn de SDS-League’. Dat sil Seriette Strikwerda tocht hawwe en ek dat is slagge mei ‘Tadic on Fire’. Sy stiet no 3e mei mar 4 punten efterstân op de koprinner. ‘Tadic on Fire’ hie krekt ien puntsje mear as Marc syn heit Robert mei ‘Kratje Bier’.

‘Nei de wykpriis geane wy no ek foar in topposysje yn de SDS-League’. Dat sille Bauke Dijkstra, Stefan & Dirk Kuperus sein hawwe oer harren team ‘Broodje Gakpo’ en ek dat giet oan. Nei de wykpriis fan ferline wike en in 11e plakje steane sy no 6e.

‘Ik hoef geen punt meer als Heerenveen maar punten pakt’.  Dat sei Johan Delfsma oer syn team ‘Tikkie Terug’. Dat slagge in bytsje. Heerenveen pakte ien puntsje by RKC en Johan stiet noch stiif lêst yn de SDS-League.