Weppers freed 18-3-2022

Weppers woansdei 16-3-2022
16 maart 2022
Sneon 19-3-2022
18 maart 2022

Freedtejûn frouljusjûn

Jûn sil SDS Vr.2 ûnder lieding fan de skiedsrjochters Robert Schildkamp en Hendrik de Jong fuotbalje tsjin Blauw-Rood’20, Mulier en Makkum. Tjitse en Tom soargje dat it fet waarm is. No al nocht yn!

Oudehaske 1 – SDS 1

De nûmer 12 tsjin de nûmer 8 spilet jim ôf yn Aldehaske. Om 14.30  begjint it mei dizze seleksje:
Jaap, Erik, Gerbrand, Gerwin, Jelte-Pieter, Lourens, Luuk, Matthijs, Peter, Pieter, Remco, Stan, Teun en Wierd.

SDS 2 – Workum 2

De nûmer 8 tsjin de nûmer 2. It spilet him ôf op ús eigen Skoalleseize. Om 15.00 oere kinne jim der tsjûge fan wêze. Dizze seleksje wurdt om 14.10 oere yn de boks ferwachte:
Anco, Sjoerd de B, Douwe-Jan, Mark, Steven, Wesley, Bauke, Ewout, Jort, Jurjen, Lieuwe, Robin, Sietse, Sjoerd de V. en Wessel.

SDS 3 – Irnsum 2

De nûmer 4 tsjin de nûmer 6 dat is de striid fan SDS 3 tsjin Irnsum 2. Om 14.30 oere op it gers yn Easterein. De seleksje:
Hendrik de J. Wiltsje, Anne, Bote, Frank, Haije-Jan, Inne, Jildert, Kees, Mark, Marten, Willem, Kerst en Ronny.

SDS 4

De nûmer 6 yn de 6de klasse 10 hat dit wykein frij en bliuwt sa ûngeslagen yn 2022.

SDS 5

De nûmer 1 yn dizze kompetysje hat ek frij.
Dat is wol begryplik. SDS 5 hat 15 wedstriden spile, Scharnegoutum de nûmer 2 hat 11 wedstriden spile.
Mar it kin noch gekker.
Lions 3 hat 8 wedstriden spile. Dy krije it noch drok.

Steenwijkerwold VR1 – SDS VR1

De nûmer 8 tsjin de nûmer 11, want troch de oerwinning fan SDS VR1 binne se fan it lêste plak ôf. Om 14.00 oere yn Oerisel.

Jo?

Juster trainde de JO19 op it lêst fan de training mei SDS 2 en 3 om alfêst te wennen oan de âlderein. Dit gie sa moai as wat al moast Anne Stenekes de jonges al efkes by del om te freegjen hoe ’t de jonges allegear hjitte. Hjir bliuwe je úteinlik jong by…… Oant ien fan de jonges Anne frege; ‘Hoe hjitte jo eins?’

SDS look-a-likes

Foar de nije Treffer binne wy noch op syk nei SDS look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd. Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!

Harsens derby (2359)

Hendrik de Jong is net superfit, mar gelokkich wol krekt fit genôch om mei SDS 3 mei te baljen. Mocht hy skore dan witte wy al hoe ’t hy jûchheien giet.