Weppers woansdei 15-6

Foarlopige yndieling jeugd 2016-2017
15 juni 2016
SDS-transfers!
15 juni 2016

Transfers
Hjoed is de lêste dei dat amateurspilers fan klup feroarje meie. By SDS hawwe ynmiddels al aardich wat transfers plakfûn. Sawol nei SDS ta as by SDS wei. Moarn krije jim fan ús in oersjoch.

Alle spilerspassen ynleverje!
ALLE leiders moeten alle passen inleveren voor maandag 20 juni!
 
It giet noch om de passen fan SDS 3, Vr.1, MC1 en C3.
Jacob Hofstra,
Tina Wiegers
Pastoar ten Bokumstr. 15
8736 JG REAHUS
Of
lever ze in bij iemand anders uit het bestuur!

Keunstgers
It is jim fêst opfallen dat it wurk yn de earste 3 wiken oan it nije keunstgersfjild hiel snel gie mar dat it no wat stilleit. Dit hat der mei te krijen dat der noch sa ‘n 25 sentimeter sân op it fjild dellein wurde moat. Dit sân moat oan bepaalde easken foldwaan. Der binne al ferskeidene partijen sân út it Iselmar helle, mar dit foldie hieltiten net oan de goeie noarmen. Hooplik rint it skip mei it goeie sân ynkoarten gau binnen sadat der fierder gien wurde kin. As it sân dan leit dan sille der ek al gau betonrânnen om it fjild lein wurde en kin de bestrating der om hinne. Wy sille dan wer in berop op jim dwaan om te helpen. Hâld dan ek goed de webside yn de gaten.

Aktiviteitenkommisje
By SDS waard it wer heech tiid foar in aktiviteitenkommisje. It idee is om fan alle senioarenteams 2 lju yn dizze kommisje te krijen. SDS 1 en Vr.1 hawwe it foartou al naam. Elger, Jacob-Klaas, Hester en Gerry-Edou nimme plak yn dizze kommisje. No sykje wy noch in pear fan SDS 2, 3 en 4.

Betterskip
Grietzen Broersma hat te hearen krigen dat hy op ‘e nij in skuorke yn de meniskus hat. Wy winskje him betterskip!

Iepen FK Peloten
It Iepen FK Jeu de Pelote is ôfrûne moandei ek wer begûn yn Easterlittens. Moarntejûn meie de “fuotballers” fan Wommels los tsjin Winsum.

Harsens derby (1724)
De jogging-broek fan de keeper fan Hongarije luts juster fansels alle oandacht. Mar dizze “no-look-goai” mocht der ek wêze!