SDS-transfers!

Weppers woansdei 15-6
15 juni 2016
EK league nei 15 wedstriden
15 juni 2016

It is 15 juny west en dat betsjut dat de transferperioade der op sit wat spilers betreft dy ’t fan klups wikselje wolle. Spilers dy ’t b.f. tydlik stoppe binne by SDS kinne harren sa wer ynskriuwe.

Remco Hylkema
Wy binne der tige wiis mei dat Remco Hylkema wer by SDS fuotbaljen giet. Remco ferliet yn 2006 SDS foar Snits-Wyt Swart en komt no nei 10 jier werom om by SDS 1 te fuotbaljen.

Dit sjurt kin yn de kast en dan kin dy fan SDS wer oan!

Marco Rijpkema
Marco Rijpkema komt ek wer by SDS fuotbaljen. Hy fuotballe earder in jier by SDS, mar woe as Snitser it wolris by WPB probearje. Ynmiddels is Marco in Eastereiner en hat hy besletten om wer oan te slúten by SDS 1.
Marco Rijpkema

Habtamu de Hoop
Habtamu de Hoop hat ôfrûne seizoen in hiel goed seizoen fuotballe by SDS A1 en makke sels syn debút yn SDS 1 as 1e-jiers A. Dit is net ûngemerkt foarby gien, want ONS hat him strikke kinnen om by ONS yn de A’s fuotbaljen te kommen. Tige spitich foar SDS fansels, mar wy hoopje dat Habtamu it der tige nei de sin hawwe sil en mocht it net slagje dan stiet de doar by SDS wiid iepen.

Habtamu probeare it earder alris by LSC en by sc Cambuur en grypt no de kans om it by ONS te probearjen.

Luka van der Weg
Luka van der Weg hat in jier by ONS fuotballe, mar hat him wer oerskriuwe litten nei SDS. In oanwinst foar SDS C1 (JO15).

Kees, Ayrton, Johannes, Timo en Jacob
Kees Sinnema, Ayrton Jonker, Johannes Hoekstra, Timo Atsma en Jacob Visser komme fanút vv Scharnegoutum by SDS fuotbaljen yn de A’s (JO19). Út betroubere bronnen hawwe wy fernaam dat dizze jongens de potinsje hawwe om mei SDS A1 yn de Haadklasse te bliuwen.

Johannes, Ayrton, Kees, Timo en Jacob.

Ewout de Boer en Mark Postma
Sawol Ewout de Boer en Mark Postma hawwe earder harren fuotbalskuon yn de wylgen smiten. Wy binne der wiis mei dat sy se der ek wer út helle hawwe en sûn’t ôfrûne maart wer by SDS fuotbalje.
 
Ewout de Boer en Mark Postma kinne der beide wer ynkletse foar SDS.

Wytze Lanting
Wytze Lanting hat in jier frij hân en is no wer fan doel om fuotbaljen te gean. Jammer genôch net by SDS, mar wy hoopje dat hy it nei syn sin hawwe sil by vv Scharnegoutum.

Sjoerd de Vries
Sjoerd de Vries sil in tiidsje op staasje nei it bûtenlân en kin dit net kombinere mei it fuotbaljen by SDS en is (tydlik) lid ôf wurden.

Tiemen Bergmans
Tiemen Bergmans wie benadere troch in trainer fan LSC om dêr te fuotbaljen. Hy liet him oerskriuwe nei LSC, mar kaam op dat beslút werom neidat beloftes net neikamen wienen.
De foarsitter fan LSC hat ús witte litten dat it benaderjen fan spilers fan oare klups yn striid is mei harren jeugdbelied. Dit wie in ienmansaksje fan in trainer fan LSC en dy is hjir op oansprutsen. Sy benadrukke harren fan dit soarte praktijken te distansjeren.
Tiemen bliuwt moai by SDS yn de D’s fuotbaljen en dêr binne wy tige wiis mei!

Anne Bootsma en Tiemen Bergmans stienen beide yn de belangstelling fan in trainer fan LSC, mar bliuwe moai by SDS.

Matthijs Postma
Matthijs Postma fuotballe jierren by SDS, mar beslúte ferline jier om it hegerop te sykjen en by FVC A1 fuotbaljen te gean. Hy hat it no wol wat besjoen yn Ljouwert en wy hienen hoopt dat hy by SDS komme soe, mar spitich genôch giet hy nei ONS A1.

Matthijs ferruilet it grien-giel fan FVC foar it oranje fan ONS.

Trainerscarroussel
Marco Hoekstra giet fan vv Scharnegoutum 1 nei SDS 1, Remco Bervoets fan SDS A1 nei vv Scharnegoutum 1 en Meint Hofstra fan vv Scharnegoutum A1 nei ST SDS A1. Is dat net alderaardichst?

Meint Hofstra wurdt trainer by ST. SDS A1

Bestjoerstransfers
Ek bestjoerlijk hawwe der wat transfers plakfûn. Sa nimt Anneke Gaastra de funksje fan sekretaris oer fan Gida Heerma, Henk Postma nimt de funksje fan ponghâlder oer fan Baukje de Jong en Willem Twijnstra en Tjerk van der Pol sil it jeugdfoarsitterskap fan Robert Schildkamp oernimme.
Jim kinne jim begripe dat wy hjir tige mei ynnommen binne!

Mocht der dochs noch wat barre op de transfermerke dan lêze jim dat hjir fansels sa gau as mooglik!