Samir Tawafra hat bytekene as trainer fan SDS 2. It bestjoer fan SDS is der tige wiis mei dat hy folgend seizoen SDS 2 wer liede wol.
No noch in moaie foto yn SDS-klean.
Jûn om 21.00 oere spilet SDS 1 tsjin NTW 1 wer in thúswedstriid.
De kantine is moarntejûn ek wer iepen. It grutte skerm stiet oan mei earst Feyenoord- Sjachtar Donetsk en dêrnei AZ- Lazio Roma. Robin van der Weg sil elkenien foarsjen fan hapkes en snapkes.
Freed soe ús Trefferbesoargkoördinator Anne Stenekes de Treffers ophelje by Drukkerij Van der Eems, mar dêr lei neat mear. Alle doaskes wienen fuort en net ien wist wêr ’t sy bleaun wienen. Moandeitemoarn hawwe sy by Van der Eems de kamerabylden der by pakt en dêr die bliken dat in nije oerivige postbesoarger alle Treffers meinommen hie. Moandeitemiddei hat hy se werombrocht en koe Anne se ophelje en Metsje hat se ynmiddels by ús besoargers brocht. Fia Aken en Keulen falt de Treffer dan úteinlik by jim yn de bus.
Fannemiddei komt de nijste stân.
De keeper fan SDS 1, Jaap Toering, is der o sa grutsk op dat syn soan Brend no ek keept. Dy hat gjin keeperstrainen nedich.
— Out Of Context Football (@nocontextfooty) March 12, 2023