It is dizze wike ‘Overal United’ fan Sybrecht Overal en pake Willem Twijnstra dy ’t de wykpriis pakt mei mar leafst 69 punten. Sy bliuwe ‘Ewoud in HO97’ fan Ewoud Walda krekt ien puntsje foar.
Boppeoan bliuwt it stuorke wikseljen tusken ‘Team Hatseflatse’ fan Thys Bruinsma en ‘FC Orthopedie’ fan Wiebe Heeres en Inne Heerma. Mooglik troch wat hommeles by ‘FC Orthopedie’ pakt no ‘Team Hatseflatse’ de kopposysje wer.
In minne wike foar Sjoerd van Beem. It konsert fan David Hasselhof gie net troch yn Dútslân, Ajax wûn fan sc Heerenveen en no rint Jaaps ‘Torpedo Toering’ ek nochris fierder út op ‘Aan de kant ik moet naar het stadion!’.
De reade lantearn is dizze wike yn hannen kommen fan Annejan Hallema mei ‘Top of Flop United’. ‘Flop United’ dus.