Weppers moandei 13-3-2023

Sneon 11-3-2023
10 maart 2023
Weppers woansdei 15-3-2023
15 maart 2023

Snie op it keunstgêrs

Ofrûne sneon koe der net op it keunstgers fuotballe wurde yn Easterein om ’t der snie op lei. Snie kinne je net fan it keunstgers ôffaaie om ’t je dan de keunstgerskorrels meinimme. Dit komt it fjild net ten goede. By vv Workum hawwe se it fjild sniefrij makke troch der waarm wetter fan Friesland-Campina op te spuitsjen. By SDS soenen je wetter út de Sebeare der op spuitsje kinne, mar dan krije je allegear drek op it fjild wat der nea wer ôf giet.
Wy binne benijd as it keunstgersfjild yn Warkum daliks by waarm waar ek nei âlde tsiis rûke sil…

Samir de sniefaaier

Ien SDS’er stie sneon el klear om it keunstgersfjild sniefrij te meitsjen.

De trainer fan SDS 2; Snie Tawafra.

Mei de bus

SDS 5 hat sneon in kompetysjewedstriid út tsjin vv Hylpen 2. Sy sille der mei de bus hinne om de tredde helte wat langer belibje te kinnen yn ien fan de moaiste kantines fan Fryslân.

De Treffer

De Treffer is drukt en wy hoopje dat dy ynkoarten by jim op de matte leit.

Ynhelje

De ôflaste wedstriid fan ôfrûne sneon tusken SDS 1 en Oeverzwaluwen is op ‘e nije fêststeld op Peaskesneon 8 april. Dat wurdt dus gjin ‘Stille’ sneon. 😉

SDS-League

Wy hoopje woansdei mei de nijste stân te kommen.

Harsens derby (2146)

Dit moasten wy it wykein misse…….