Weppers woansdei 14-5

Frijwilligersjûn: jou je op!
13 mei 2014
Weppers tongersdei 15-5
14 mei 2014

KNVB 35+toernoai
De KNVB organisearet in 35+ en in 45+fuotbaltoernoai 7tsjin7. In ploegje 35+ers sil foar SDS meidwaan. Sy meie freedtejûn om 19.00 fuotbalje yn Ljouwert op de fjilden fan Leovardia. Der binne twa poules mei 4 ploegjes. De úteinlike winner mei meidwaan om it Noordelijk kampioenskip yn Assen op 23 maaie. De winner dêrfan mei 14 juny nei Zeist foar de landelijke finales.
Foar SDS fuotbalje Marco Hoekstra, Feite, Anne, Robert, Harm, Jan-Simon en Willem mei. Mooglik komt der noch in “joker” by.
Poule A:                           Poule B:
Foarút                         WWS 35+
Akkrum 2 35+                SC Leovardia 1 35+
SC Leovardia 2 35+        FHC Stiens
SC Leovardia 3 35+        SDS

Kampioen?
SDS F4 kin sneon as twadde SDS-team kampioen wurde yn de foarjierskompetysje. Sy spylje om 10.10 thús tsjin SC Bolsward F7. In lykspul is genôch om kampioen te wurden. Alle heiten, beppes, omkes, memmen, tantes, buorlju, pakes en eltsenien oars is wolkom!

Foto’s SDS 1 – Berlikum 1
Henk Bootsma makke sneon fansels net allinnich foto’s fan Jaap de Blaauw, mar fansels ek noch oare alderaardichste foto’s(klik
hjir).

Alderaardichst
It komt moai út dat Sjoerd van Beem woansdeitemiddeis frij hat fan skoalle:
fashion2

Harsens derby(1273)
Spesjaal foar Martin Rienstra; Juan Roman Riquelme!
Toeterdetooooéééééééééét toooooéééét!