SDS-League: FC Systeemplafond pakt de wykpriis!

Weppers woansdei 14-11-2018
14 november 2018
Weppers freed 16-11-2018
16 november 2018

It is dizze wike ‘FC Systeemplafond’ fan Jacob-Klaas Haitsma dy ’t mei oermacht de wykpriis pakt yn de SDS-League. Hy pakt mar leafst 71 punten en dat is mar leafst 10 punten mear as de twadde beste fan dizze wike ‘Dirks Angels’ fan Dirk Stegenga.


‘Jacob-Klaas, de man fan de systemen’

Wy hawwe in nije koprinner! Matthijs Postma nimt mei ‘Henkie Cola’ it earste plak oer fan ‘FC FRickandel’ fan Rick Hendriks. ‘Better Call Thorsby’ fan Pieter Wesslius bliuwt gewoan twadde mei 2 punten efterstân. ‘FC FRickandel’ stiet no tredde. De rest fan de top 10 is ek wat trochelkar hussele.

De iene ‘Henkie Cola’ is de oare ‘Henkie Cola’ blykber net. De iene fan Matthijs Postma stiet boppe-oan en dy oare fan Henk Postma stiet 58e…….

De reade lantearn bliuwt yn hannen fan ‘Hoekie Boys’ fan Marc Hoekstra. Pytrik en Marit Kuperus mei ‘P(r)ima’ binne wer in plakje opskood en steane no twa nei lêst. ‘FC Altijd laatst!!!’ fan Anne-Jan Hallema stiet no ien nei lêst mei 4 punten foarsprong op de ‘Hoekie Boys’. Dy moat te pakken wêze soenen je sizze!

SDS League 2018-2019 stand earste helte wike 8